Opgoaier (34) | Normaal II

5019
0

Dizze Opgoaier komt flugger as ik woe.

Ik skriuw nea twa kollums yn trije dagen. Faker is it ien kear yn de trije wiken. Of trije moannen. Foar je it witte, tinke je dat je belangryk binne.

En ik wol it graach wat fleurich hâlde, mar wat moat, dat moat.

En dit moat. Wer.

Ik skriuw ek leaver oer in skoalreiske nei Amsterdam.

De jongens keatsten dit wykein lykwols yn Arum. Der wiene winners.

Mar dêroer giet it diskear wèr net. Binnen in oere sammelen wy, sûnder derom te freegjen, wer in hânfol klachten en ynsidinten.

Ik hie hope nei myn kollum oer Dronryp, dy’t net allinnich foar Dronryp bedoeld wie, dat guon minsken ta it ynsjoch kamen, dat wy sa net fierder kinne. It publyk wol mispleatst gedrach net sjen, de measte âlders wolle dat net, de measte keatsers wolle dat net. De ferienings wolle dat al hielendal net.

En dochs giet it gewoan troch.

Dronryp makke der by it NK Skoaljongens yn Achlum mar in grapke fan.

“Net te lûd raze, oars komt der wer in kollum dêr’t neat fan wier is.”

Ja. Leau my. ik hoech der net iens mear by te wêzen om it mei te krijen.

Spitich. Want ik makke gjin grappen. Ik skreau op wat ik seach en hearde. Alles wie wier. Helje de gedragsregels dan mar fan de webside. Of ferwiderje de passaazje oer sankjses. Jim meitsje it net wier en binne dat blykber ek net fan doel. Yn de tuskentiid krige ik tsientallen reaksjes fan minsken. Ek fan keatsers út Dronryp. Dy’t harren skammen, dat sy yn dat doarp wenje. Minsken dy’t harren net yn it iepenbier uterje wolle of doare.

En doe kaam it NK yn Amsterdam, dêr’t wat ferhâldings fersteurd binne.

In prachtich NK, mei in fantastyske organisator. Mar net alles gie sa’t it heart. Wer in heit achter de opslach dy’t de tsjinstanner besiket út de konsintraasje te heljen. Noch foar de oanrin: “O, dizze punten hawwe wy al binnen.”

Mislik.

It goeie nijs? De man is der op oansprutsen troch syn eigen partoer. Hulde foar dat partoer, mar sa soe it net moatte. It soe net nedich wêze moatte, dat sa’n man troch sjoernalisten, taskôgers en skiedsrjochter yn de gaten hâlden wurde moat. Dat froulju dy’t in NK keatse harren dêr drok oer meitsje moatte.

Mar oké… It wie mar ien man, dus ik makke der net al tefolle fan.

En doe kaam de partij foar jongens yn Arum op snein.

De bal efkes fuortsmite by it mjitten.
Besluten fan de skiedsrjochter yn twifel lûke wylst it foar elts oar dúdlik wie.
De FB Oranjewoud-shirts net efkes wer yn de tas dwaan, mar gewoan earne yn de boks delsmite.
En dêr wie er wer… “Dikke mongoal.”

It wie wer alles, dat net op of om in fjild heart.

Dronryp wer? Nee. It sit djipper as Dronryp allinnich en dêrfoar hie ik ek al warskôge, al snap ik dat benammen Dronryp it as in oanfal fielde. Mar dy makken it dan wol hiel bûnt by it NK yn Sint Anne.

En dêr stie ik net allinnich yn. Yn Arum wie it boadskip wol oankommen, blykber.

De foarsitter fan Arum rûn sels it fjild op om in keatser te bedarjen en oan te sprekken op syn gedrach. Bespotlik dat it moat, mar it is al hiel wat. De KNKB docht it ommers net. De skiedsrjochter heart net alles en sjocht net alles. En grypt dus ek net yn. Karmasters sjogge en hearre net alles of melde it net by de skiedsrjochter. In Technyske Kommisje hat gjin formele funksje by sa’n wedstriid en kin it dus allinnich mar oansjen. Itselde jildt foar it publyk.

En dus giet it in wike reedlik goed en dan wer troch.

Ik hie hope (dom!), dat immen op it bûnsburo mei in statement komme soe. Dat dit gedrach net mear aksepteard wurdt. Dat der in straf is as je je as keatser miene, dat dit normaal is.

Mar nee… Neat fanút it bûn. It tsjinoerstelde barde.

De KNKB frege om it foarfal yn Amsterdam net op te skriuwen. Dat is min foar it imago fan it keatsen. Dêr is mar ien antwurd op en dêrmei fal ek ìk yn werhelling. Net it opskriuwen is it probleem. It probleem is it gedrach fan guon keatsers en âlders. It probleem is ek, dat it bûn tinkt dat gjin kommunikaasje it bêste middel is. Der binne wurkgroepen dwaande mei ynnovaasje en ien derfan is kommunikaasje. As sa’n fraach oan sjoernalisten it resultaat dêrfan is, hâld der dan mar wer mei op.

Nimmen op it bûnsburo hat my frege wat der barde yn Sint Anne.
Nimmen op it bûnsburo hat de Technyske Kommisje frege wat der bart.
Nimmen op it bûnsburo komt mei it statement: oant hjir en net fierder.
It bûnsburo swijt en it haadbestjoer freget sjoernalisten om ek te swijen.

Giet it dan oer? Wol ik dat? Neat opskriuwe? Nee. Wol opskriuwe? Nee, dêr haw ik ek net folle wille fan. Dan witte minder minsken it, mar it probleem bliuwt itselde. Der is in probleem mei gedrach fan guon âlders (net allegear!) en fan guon keatsers (net allegear!). Dat net beneame is gjin oplossing. De jeugdkeatsers fan Dronryp hawwe in mail hân, mar de eksakte ynhâld haw ik net. Dat sil wol twa dagen duorje en dan falt er fan in frachtwein.

En no, wylst jim lêze, begjint in bestjoerslid fan Sjirk de Wal te in mail te tikken, dat dat net it doel is.

Doch mar!

Yn Arum giene keatsers fan op syn minst fjouwer ôfdielings oer de grins. Ik haw ek hegere oantallen heard, mar fan dy fjouwer bin ik wis.

Bart it allinnich dêr? Nee. Op sneon yn Lollum by de skoalfamkes waard it opperwêzen krekt wat te faak oanroppen. En net om stipe te freegjen.

De Technyske Kommisje sjocht it probleem en wrakselt der al jierren mei.
De skiedsrjochters binne der mei oan.
Wêr bliuwt de stipe fanút it bûnsburo?
Wêr, hoe en wannear seit it bûnsburo: “Oant hjir en net fierder?”

En myn fraach… Hoefolle tiid tinke jim op dat bûnsburo, dat jim noch hawwe eins?

Wer neamde ik gjin nammen, trouwens. Dat is, sa’t ik it no fiel, foar it lêst. Ast wer ien in “dikke mongoal” neamst, wit ik wa asto bist. En ik skriuw it op. En ast ballen fuortsmite wolst by it mjitten, wit ik wa asto bist. En ik skriuw it op. En as ik rassisme sjoch of hear, skriuw ik it op. En ik set dyn namme derby. Yn haadletters.

Ik bin der as leafhawwer klear mei. Miskien tinke jim dat ik de iennichste bin, mar ik bin wis fan net.

(Jacob Stelwagen)