Opgoaier (43) | Koarte lontsjes
It kin oan my lizze, mar ik freegje my hieltyd faker ôf of der immen mei in skjirre op de keatsfjilden omrint. Robert Long skreau ea in ferske mei de titel Hoe Lang Is De Lont? Yn it keatsen freegje ik my somtiden ôf… Hoefolle koarter kin it lontsje noch wurde? Ik...
Opgoaier (42) | Spannend, mar om de ferkearde reden…
Tink dy ris yn… Dyn favorite fuotbalklub ferliest mar krekt fan in sterke tsjinstanner, mar nei ôfrin komt ien op it heldere idee… By dy tsjinstanner die in skoftlang in spiler mei dy’t hielendal net yn it fjild stean mocht. Hoe grut soe de kâns wêze, dat de KNVB de...
Opgoaier (41) | It barde yn Bitgum en op Kreta
Ynienen siet frou Kaatsnieuws freedtemoarn rjochtop yn bêd. Of it al ljocht wie bûten wist ik net iens. Ik murmele soks as: “Wat sil dit en wat moat dit?” Wylst se de sliepkeamer útdraafde mei de krulspjelden yn en de pantertoffels oan hearde ik noch krekt de wurden:...
Opgoaier (40) | Dat wie it dan en dit wurdt it dan
It keatsjier 2023 sit derop. It wie yn in hiel soad opsichten in bysûnder jier. En dat sil takom jier ek wol wurde… Johannes Brandsma ferstoar flak foar de start derfan. Fertrietlik. Hans Wassenaar wûn it klassemint krekt net. Tjisse Steenstra wûn it klassemint...
Opgoaier (39) | 47 tellen
Johannes Brandsma ferstoar op 31 maart fan dit jier. Allinnich. Dat is in byld dat ik dreech kwytreitsje. De man, dy’t op t keatsfjild altyd by minsken yn de buurt wie, keas der foar om allinnich te gean. Yn syn hûs oan de Alde Loop yn Achlum. Gjin ôfskied fan...
Opgoaier (38) | Swipe!
Gjin swipe as sa’n ding wêrmei’t je in hynder wat opsjitte litte. Swipe yn it Ingelsk! Links of rjochts. Jim kenne dat allegear net kuch mar it bestiet wol. Ik kom der sa op werom. In bytsje ynsjoch oer hoe’t it efter de skermen by Kaatsnieuws giet....
Opgoaier (37) | Hoe Hans Hansie bleau
Yn 2012 begûn ik mei Kaatsnieuws. Earst op Twitter (of moat ik no X sizze?). It wie de Bangmapartij yn Weidum en ik sette de útslaggen op Twitter. Neffens my wûnen Hendrik Tolsma, Cornelis Terpstra en Daniël Iseger foar Goutum, mar hielendal wis bin ik net. Frou...
Opgoaier (36) | Want?
Ja, want? Nee. De Want. Ik ferklap de klû alfêst. Dat skeelt in soad lêzen. Ik wit net mear fan wa de want op de foto hjirboppe is, it is dus net persoanlik ast dyn want herkenst, mar hy is net-reglemintêr en is wol goedkard en soe op de PC ek goedkard wurde. Ek no...
Opgoaier (35) | Fynst it noch leuk?
Ik krige in app fan in haadklassekeatser. Hy fûn myn lêste kollum oer it wangedrach fan meardere keatsers yn meardere kategoriën in goeie oanfulling op myn oare kollum deroer. Goed dat it sein wurdt. Mar syn fraach wie ek… “Wêr genietesto fan op it fjild?” Hallo! Ik...
Opgoaier (34) | Normaal II
Dizze Opgoaier komt flugger as ik woe. Ik skriuw nea twa kollums yn trije dagen. Faker is it ien kear yn de trije wiken. Of trije moannen. Foar je it witte, tinke je dat je belangryk binne. En ik wol it graach wat fleurich hâlde, mar wat moat, dat moat.En dit moat....