Home Columns Opgoaier (32) | Normaal?

Opgoaier (32) | Normaal?

6084
0

Ik wol naming en shaming besykje foar te kommen, mar ik garandearje neat. Sterker noch… Ik ferbrek fuortendalik myn tasizzing. Ik neam gjin nammen, mar wol in ôfdieling.

Dronryp.

Dêr stiet in boerd foar it keatsfjild. Lês de tekst.

Foaropsteld… Ik haw sels yn dat doarp wenne en der gjin minne ûnderfining mei. Ik haw neat tsjin op de keatsferiening dêr. Alles altyd goed foar elkoar. Talintfolle keatsers yn in soad kategoriën, wêrfan de measten wakker fatsoenlik. In behelpsum bestjoer. Goed te benaderjen. Gastfrij. Stiet iepen foar nije ideeën. Mar by it NK foar Jongens, of de Jongensbond, gie it der betiden waarm oan ta en dat lei net oan it waar.

En guon oare minsken út Dronryp hiene it boerd ek net goed lêzen of wiene de tekst ferjitten.

Of it binne mar wurden.

Op 5-5 sei ien fan de Rypsters keatsers “pannenkoek” tsjin ien fan de Boalserter perkspilers, dy’t krekt in bal mist hie. Mwah. Dat kin noch, wat my oanbelanget, al is it net echt nedich. Allinnich Marco van Basten fynt dat slim. Mar doe… “Mongoal.” En dat wie my, en net allinnich my, in pear grinzen te fier. Wy hearden it, âlders út Dronryp moatte it heard hawwe, in karmaster moat it heard hawwe.

Mar der barde neat. Ik sei ek neat… Ik wie ferbjustere.

Ik skreau der ien sin oer. Altyd foarsichtich bliuwe. Miskien lei it ommers oan my, dat der ien partoer (en oanhing) wat út de pas rûn as it gie om gedrach. En dat it ienmalich wie. Der mei ek romte wêze foar emoasje, fyn ik dan wer. Miskien tilde ik der te swier oan. Mar de earste reaksje kaam al yn in pear minuten:

“Amen! Het was als publiek soms verschrikkelijk om aan te horen. Fel tegen de scheids terwijl de beslissing zeer duidelijk was, de keurmeesters betichten van vriendjespolitiek, en ook richting elkaar als tegenstanders geschreeuw en gescheld. Dat hoort gewoon niet. Laten de kaatsers en publiek het goede voorbeeld zien aan de jeugd!”

Der kamen privee tsientallen reaksjes binnen. Blykber wol net ien him der yn it iepenbier oan baarne. Dan doch ik it by dizze wol. Strekking yn de measte gefallen: bliid dat immen der in kear wat oer seit of skriuwt. Oaren fûnen it dan wer rampsjoernalistyk, omdat ik net witte koe wat der krekt bard wie. Tsjin dy minsken sis ik… Der barde neat. Ik siet derby. En hie it wol sa west… Dat makket my ek neat út. Der is in grins en dit wie der fier oerhinne.

Is dat fan de lêste tiid? Nee.

Ik lies ferhalen oer skellerij. Oer narjen. Oer fjochterij yn de klaaikeamer. Oer rassisme. Oer it opsetlik hinderjen fan tsjinstanners yn it tuskenspul. Oer it net akseptearjen fan in twadde plak. Ik kin net alles kontrolearje, mar as de helte wier is, hat it jeugdkeatsen in probleem dêr’t gjin innovaasjegroepje tsjinop kin. By in NK yn Berltsum is alris omroppen, dat in keatsheit út Dronryp fuortendalik it fjild ferlitte moast. Der soe, net yn Sint Anne mar earder, sein wêze: “Dan ek noch fan sa’n smoarge swarte ferlieze..”

Op de webside fan Dronryp stiet in gedrachskoade foar de jeugd. Dy telt 11 punten. Ik lis dy njonken it gedrach fan keatsers en âlders yn Sint Anne. Lês mei:

  1. Probeer te winnen met respect voor jezelf, je teamgenoten en je tegenstanders.

(mislearre, “mongoal”)

  • Onbehoorlijk taalgebruik zoals vloeken of agressieve gebaren worden niet getolereerd.

(mislearre, “mongoal”)

  • Speel volgens de wedstrijdregels.

(mislearre, it fuortskoppen fan in blokje as der mjitten wurdt, falt tink ik net binnen de regels)

  • Vind eerlijk en prettig spelen belangrijk en presteer zo goed mogelijk.

(mislearre, sjoch by 3)

  • Aanvaard de beslissingen van scheidsrechter.

(mislearre, “voor” roppe as de bal amper út de hân is en dat dan folhâlde)

  • Beïnvloed de scheidsrechter niet door onbehoorlijke taal of agressieve gebaren en woorden.

(mislearre, sjoch by 5)

  • Blijf bescheiden bij een overwinning en laat je niet ontmoedigen door een nederlaag.

(mislearre, “dan zal ik nu de nummer TWEE even feliciteren met zijn nederlaag”)

  •  Geef elkaar een hand na de partij, bij winst en bij verlies.

(pluspunt, mar de priisútrikking fan de nûmer 2 oant en mei 4 negearje en net klappe foar oare priiswinners heft it wer op)

  • Onsportiviteit van de tegenstander is nooit een reden om zelf onsportief te spelen of op te treden.

(mislearre)

  • Wijs je medespelers gerust op onsportief of onplezierig gedrag, maak het bespreekbaar.
  • (komplimint foar Brent Jesse van Beem, de sussende gebaren holpen net, mar hy besocht it)

  • Respecteer het werk van al die mensen die ervoor zorgen dat binnen het kaatsen mogelijkheden bestaat te trainen en wedstrijden spelen.
  • (mislearre, sjoch boppe)

    By oertreding folgje sanksjes, seit de site fan Sjirk de Wal. Ynteressant. Gjin Freule? Of is dat te skealik foar de prizekast?

    Of giet dy boppe jim eigen regels?

    Ik bin benijd.

    Der is ek in koade foar âlders en foar taskôgers. Omwille fan de lingte nim ik dy net oer, mar it soe itselde byld opsmite. Besluten fan de skiedsrjochter op fjirtich meter ôfstân lûdop yn twifel lûke, past net yn dy koade. Klappe foar flaters fan tsjinstanners ek net. Klappe foar goed spul fan beide teams? Neuh. Besykje ferbaal misbrûk foar te kommen. Neuh. Korreksje fan abnormaal ferbaal gedrach? Neuh. Sprek bern oan op groffe taal of net fatsoenlik gedrach. Neuh.

    Allegear net bard. It wie beskamsum.

    Jim meie yn Dronryp allegear lilk wêze, omdat ik dit opskriuw. Betink ek, dat der folle mear lilke minsken binne om dit gedrach. Want yn Dronryp stiet dus dat boerd. Dat is no in soartefan boomerang wurden. Dêrtroch hawwe minsken ferwachtings. Jim komme dy net nei. Draai it boerd om, helje it der wei of pas jim gedrach oan. Jim hawwe dit net nedich.

    Der binne grinzen. Ik skreau ris in kollum oer dat boerd en dat eindige mei de sin:

    “Sizze is neat, dwaan is in ding.”

    Dat jildt noch altyd.

    En net allinnich foar Dronryp. Lit dat ek dúdlik wêze.

    (Jacob Stelwagen)

    Vorig artikelDe winnaars van zondag 11 juni 2023
    Volgend artikelExperiment puntentelling ook bij andere categorieën “in de wacht”