Opgoaier (33) | Skoalreiske

2631
0

Kaatsnieuws wie mei tsientallen oare Friezen op in soartefan skoalreiske nei Amsterdam. Sa fielde it tenminsten. Hielendal nei de Grutte Stêd Amsterdam. Betiid wekker fansels, want in bytsje nerveus oer de reis. Der waard in NK keatst, mar dêr is genôch oer sein. Huzum wûn, Marrit Zeinstra hat har Fjouwer Wimpels.

Hjirby noch in ynkoarte fersy fan it reisferslach.

It is wat in gedoch om der te kommen. De Grutte Stêd is best fier fuort as je om tsien oere begjinne wolle mei keatsen. It is trije kear salang riden as nei Moarre en dat fine wy eins ek al fier. Sy hawwe dêr by Amsterdam ek files. Dat binne auto’s dy’t wol op de dyk binne, mar net ride.

Wûnderlik.

Mar goed. Wy giene.

Fansels wie der in heit, dy’t it skoalreiske besocht te bedjerren foar de oaren. Dy hawwe je der blykber tsjinwurdich altyd by. Hy besocht hieltyd efter de opslach keatssters fan in oare ôfdieling út de konsintraasje te heljen mei stikelige opmerkings. Hy hie blykber neat meikrigen fan myn eardere kollum. En der stie noch sa dúdlik, dat ik dêrmei net allinnich Dronryp oanspruts.

De KNKB frege sjoernalisten noch om dat foaral net op te skriuwen. Soks is net goed foar it imago fan it keatsen.

Dit is myn antwurd en dat bliuwt it ek:

Net it opskriuwen is it probleem.

Mar hé! Genôch dêroer. Fierder hawwe we moai fuort west.

Friezen bûten de provinsje smite altyd kostlike tafrielen op. Tink jim it folgjende yn. Djipfriezen op leeftiid rinne in sportkantine yn Amsterdam yn en wolle sop. Dat is der net, mar sy wolle it dochs. En hâlde dat yn it Frysk lang fol.

Dat giet sa.

“Wy wolle graach sop.”
“Appelsap? Sinaasappelsap?”
“Nee, sop.”

Immen dy’t beide talen wol machtich is, besiket te helpen.

“Ze bedoelen soep.”

De manlju bliid.

“Ja, soep. Sop!”
“Dat hebben we niet.”

De manlju minder bliid.

“Mar dat is tradysje by it keatsen. Sop. Bouillon. Dat is goed by waarm waar.”
“We hebben wel cup-a-soup.”

De manlju wer bliid.

“Sy hawwe wol hinnesop!”

De helper helpt wer.

“Nee, gjin ‘kippensoep’. Cup-a-soup.”
“Wat is dat? Dat kenne wy yn Fryslân net.”

De pûdsjes kamen op de bar. Sjampijonnesop. Hongaarske goulash. Tomate-crème.

It waard fjouwer kear it lêste.

De manlju wer bliid.

“We hebben ook nog broodjes hete kip!”

De manlju, fraachteken boppe de holle, makken har gau út’e fuotten. Mei de cup-a-soup.

KNKB Media siet it grutste part fan de dei ûnder in beam yn it skaad, fier achter de banken. Dêr wie ik wol jaloersk op. Ik hie de goeie bril net mei en koe de telegraaf amper lêze. En dus siet ik yn de folle sinne op it bankje njonken Henk Hempenius om stikem te hearren wat hy op de radio sei oer de stân fan saken. Henk hat nea lêst fan de sinne. Ik wol.

Myn nekke is no ferbaarnd en Henk hat nearne lêst fan.

“Welk volkslied moeten we voor de finale afspelen?” frege immen oan karmaster Andries.
“Doe maar Fries.”
“Maar het is een Nederlands kampioenschap.”
“Doe maar Fries.”

En Frysk waard it.

Yntusken kamen der froulju foarby mei broadsjes en wettermeloen. Net allinnich foar de parse, mar foar eltsenien. Leaf. De priisútrikking duorre sa lang, dat Johannes Dijkstra fan Huzum kramp yn de earms krige fan it tillen fan de wikselpriis.

Is it klear?
“Nee, jim krije noch in keatsbal.”

Is it klear?
“Nee, de froulju krije noch in badjas.”

Is it klear?
“Nee, earst de foto’s noch.”

Is it klear?
“Earst noch wat mear foto’s en in taspraak.”

Is it klear?
“Nee, we binne de medaljes fan de nûmers twa en trije ferjitten.”

Is it klear?
“Nee, we hawwe noch gjin foto’s fan de nûmers twa en trije mei medaljes.”

Johannes woe de priis as gjin oar en hat der no mear lêst fan as alle oaren. It is him gund. De priis, bedoel ik.

Henk Hempenius belle in taksi nei it hotel. Hy makke der in hiel wykein fan. Wy kamen by de auto en ta ús fernuvering siet de autoradio der noch yn. Wy hiene heard, dat as je nei Amsterdam geane, dat je allinne op de wei derhinne nei de radio harkje kinne.

Dat foel dus ta. Goed folk.

Dêrnei nei it Museumplein. Tûzenen Amsterdammers en allegear foar Huzum.

“Wie is de beste van Huizum?”
“HUIZUM!”
“Wie is de beste van Leeuwarden?”
“HUIZUM!”
“Wie is de beste van Friesland?”
“HUIZUM!”
“Wie is de beste van Amsterdam?”
“HUIZUM!”
“En wie is de beste van Nederland?”
“HUIZUM!”

Dêrnei songen sy it Frysk folksliet mei in swier Amsterdamsk aksint. Bliid as se wiene, dat der dochs in ploech wie dy’t in Nederlânske titel helle hie yn Amsterdam yn 2023.

En it bleau noch lang ûnrêstich yn de Grutte Stêd.

Mar goed… De measten fan jim wiene der net by of sieten ûnder in beam, dus dat hawwe jim dan moai mist.

Dom.

Amsterdam boppe!

(Jacob Stelwagen)