Opgoaier (4) | Douwe, Max, Marten

0
Marten Bergsma

It folk fêstige ôfrûne wykein de hoop op Douwe Bob, mar krige Max Verstappen. Wat no 'Slow down'? Fol gas! Dat moat Marten Bergsma ek tocht hawwe, doe't er moandei foar Minnertsgea op de Bûnspartij yn Frjentsjer stie. Sport en spultsjes dogge nuvere dingen mei minsken. Mear as twahûndert miljoen minsken seagen it Songfestival op tv. Of ik it sjoen...

Opgoaier (3) | Pieter

0
Pieter van Althuis, Franeker

As stikjeskriuwer brekke je je wolris de holle oer de fraach: wêr wol ik it oer hawwe? Ik wit wol, dat de Junioaren dit wykein keatse yn Peins. Ik wit wol dat de froulju haadklassers yn Jorwert steane. En fansels wit ik wol, dat der op moandei in Bûnspartij is. Mar al op moandeitejûn wie it helder. Pieter. It moat...

Opgoaier (2) | Boerd

0

Ja, it barde yn Tsjummearum op Himelfeartsdei. Bitgum wûn net allinnich fiif omlopen yn Weidum, mar werhelle dat yn Tsjummearum. En dus giene de krânsen wer mei nei Bitgum. No ja, nei Bitgummole. Mar wy as Bitgumers binne ree om te akseptearjen, dat Bitgummoolsters by ús hearre as sy wat winne. Sels sizze de keatsers no, dat de Bûnspartij (it...

Opgoaier (1) | In blauwe

0

Guon saken tinke je yn it foar al wol te witten. It reint altyd by de Bangmapartij yn Weidum. Of it is op syn minst sa kâld, dat je moarns foardat je fuortgeane kieze moatte tusken reinpak of skipak. Je witte de lêste jierren ek, dat Chris Wassenaar wint of dat de kâns dat dat bart yn alle gefallen...