Opgoaier (36) | Want?

2081
0

Ja, want?

Nee. De Want.

Ik ferklap de klû alfêst. Dat skeelt in soad lêzen. Ik wit net mear fan wa de want op de foto hjirboppe is, it is dus net persoanlik ast dyn want herkenst, mar hy is net-reglemintêr en is wol goedkard en soe op de PC ek goedkard wurde. Ek no noch.

By moai waar wol ik wolris fuortdreame. Ik sjoch dan net alles, mar hear wol in soad. De lêste kear skrok ik wekker fan in lûd. Net fan de sinleaze Hollânske hits dy’t op guon keatsfjilden út krekt wat te minne speakers komme en dy’t benammen foarkomme, dat je ek hearre en belibje kinne wat der yn it fjild bart.

Pok.
Pok.
Pok.
POK?

It wie oft der in honkballer mei in stik hout in bal fuortramde. Mar dat wie it net.

It wie in keatser mei in nap yn de want. En werskynlik wat oars as lym út in Pritt Stift. En werskynlik wat hurder lear as it ûnbewurke lear, sa’t dat yn it keatsreglemint stiet.

Mar ach… Wêz earlik… Ast witst, datst 150 kilometer yn it oere ride kinst mei dyn auto sûnder ea pakt te wurden… Soedest dy dan altyd oan de maksimumsnelheid hâlde?

Ja? Dan liichst werskynlik.

It is presys wat der yn it keatsen bart. Der binne in pear net te kontrolearjen regels en der binne in hiel soad regels net. Kontrôles binne dan sinleas. Foar de sjoo is it miskien leuk en aardich, mar it slacht net echt earne op. Je blusse hjir en dêr in brantsje, roppe wat oer earlik spylfjild, jouwe de boadskipper de skuld en geane wer fierder op de âlde wize.

Der wurdt wer sprutsen oer de wanten. Troch keatsers. Troch publyk. Troch de KNKB. Troch Jan Braaksma. Nochal faak. Troch in Wurkgroep Materiaal. Troch skiedsrjochters. Benammen dy lêste katgory hat it der net maklik mei. Wat moatte se? Se hawwe gjin kontrôlemiddel, mar fiele op de klompen wol oan dat it net allegear doocht. En wat bart der as se in want ôfkeure? Dan moat dy nei it bûnsburo om keurd te wurden troch… Ja, troch wa eins? De makker sels? Dy sil net gau sizze, dat it allegear net reglemintêr is en dat alle wanten gelyk binne, mar de iene wat mear as de oare.

Sy hawwe Volkswagen sels doedestiids ek net frege om te kontrolearjen of se sjoemeldiesels makken.

Alles foar it imago fan in sport mei gelikense kânsen foar elts.

Ferline jier wie der in wantemakker dy’t wanten flak foar de PC noch efkes yn de pers die. Dat mei net. Mar ja… Gjin kontrôle, mar ek net te kontrolearjen. Die dy makker alle wanten? Nee. Wêrom net? Dêr kin ik allinnich nei riede. Dus wat diene oare keatsers? Dy sochten in oar plak om de wanten yn de pers te smiten, want der binne fjouwer minsken mei sa’n ding. En sa stie hast eltsenien yn 2022 mei perste want op de PC.

Mei dat? Nee.

Bart it? Ja.

Wie it kontrolearber? Nee.

Fyn ik der wat fan? Ja, as der dan dochs perst wurdt, bin ik bliid dat alle keatsers earne terjochte kinne. Is it spylfjild op dat punt yn alle gefallen gelyk. Is it de keatsers te ferwiten? Net echt. Dy sykje de grinzen op fan wat reglemintêr noch kin, om de kâns om te winnen grutter te meitsjen. Dat kinne je in sporter eins net oanrekkenje. Ik hie eksakt itselde dien. Wêrom soe ik myn kânsen op winst fersmite of lytser meitsje as ik wist, dat de oaren dat ek net diene en ik wist dat ik der dochs wol mei weikaam. It is frij simpel. Mei in hurde want winst faker in wedstriid as mei in minder hurde. Keatsers dy’t sizze, dat sy it út prinsipe net dogge, binne te bewûnderjen, mar se sille minder faak winne. Sels witte.

Dus nee. De keatsers hawwe hjir gjin skuld, tink ik. Fierút it grutste part sil net iens witte hoe’t se sels de want hurder meitsje kinne. Dat wurdt foar se dien.

It wurd ‘handschoen’ komt yn it Keatsreglemint 2023 leafst 67 kear foar. Dat fyn ik in soad, as der dochs nea ien serieus nei sjocht. De slachkrêft kin net mjitten wurde. De hurdheid kin net mjitten wurde. Eins is allinnich it gewicht kontrolearber. Dus doe’t it keatsbûn oankundige, dat der wer kontroleard wurde sil, skreau ik op Facebook soks as:

“De weechskaal komt werom!”

Want mear is it ek net.

De PC hat kontrôles easke, mar wit tink ik ek wol dat dat in hantsjefol manlju mei in weechskaal wurdt.

En sels dat seit net folle. Ik haw in kear foar in keatser it ikerrapport (ijkrapport) fan de weechskaal opfrege, omdat syn want ien gram te swier wie en ôfkard. Dat mocht ik wol ynsjen. Yn it rapport stie, dat der in foutmarzje fan likernôch 10% is. Dat betsjut, dat 200 gram yn de praktyk 220 gram wêze kin, mar ek wol 180. In want fan 219 gram kin yn de praktyk dan krekt wat lichter as 200 gram, mar ek wol mear as 240 gram wêze. In want ôfkeure wêrfan de weechskaal seit dat dy 201 gram is, kin dus net. Dat waard in lange diskusje wêryn ik wol gelyk hie, mar it net krige. De weechskaal sei 201, dat is mear as 200 en dus mocht de want it fjild net op.

Is de want 200 gram of minder? Kontroleurs sjogge wolris wat dreech en sizze dan saken as:

“Dizze is wol wat hurd.”

Dêr helje keatsers dan de skouders oer op. En terjochte. Ja? Sy hawwe him net makke. En hoe hurd dan? En wêr yn it reglemint stiet, dat de want net hurd wêze mei? En hoe mjitte jim dat dan? En wêrmei?

De moraal fan it ferhaal? De hjoeddeiske want is net te kontrolearjen sûnder de want út elkoar te heljen. En wêr moatte je op kontrolearje as saken as de soarte lym, de hurdheid en de slachkrêft net te sjen of te mjitten binne? En net fêstlein yn in reglemint?

En dêr komt by…

Troch te kontrolearjen seit it keatsbûn eins, dat de de want fan no kontrolearber is. Dat mei. Mar as dat sa is, wêrom set datselde bûn dan in Wurkgroep Materiaal yn om te sjen nei in earliker fariant dy’t te kontrolearjen is?

De oplossing? Dreech.

Myn bêste suggesty… Bring it spulbyld yn kaart en nim in beslút oer wat je sels sjen wolle en it publyk sjen litte wolle. Lit de Wurkgroep Materiaal dan syn wurk dwaan en lit dy mei in alternatyf komme dat mear standert en yn alle gefallen kontrolearber is èn dat past by it winske spulbyld. Dy groep kin dat, mar dat moatte je as bûn dan wol wolle en talitte. En in idee hawwe oer wat je eins wolle.

En doch oant dy tiid net of de boel ûnder kontrôle is, want dat is net sa.

Foar de goeie oarder… De want op de foto hjirboppe foldocht sichtber net oan de regels en soe altyd ôfkard wurde moatte. Dat kin ik sels sjen, sels mei de eagen ticht soe ik der efterkomme en dat sis ik op basis fan allinnich de foto, mar net ien hat dizze want út de wedstriid hâlden. En net ien sil dat op 2 augustus by de PC dwaan. Omdat mei de want op de foto is itselde oan de hân as mei de measte oare wanten soe it gros fan de keatsers sûnder want op de PC stean. Doart de PC dat statement te meitsjen? Der binne yn alle gefallen twa dúdlike punten wêrop de want net oan it reglemint foldocht en it is simpel te kontrolearjen.

Hoe en wêrom wurdt soks goedkard?

Begjin dêr ris mei, want der is fansels in reden foar wêrom er net oan de regels foldocht. Ik soe it wol ferfrissend fine.

Kar sa’n want ôf of hâld deroer op en lit it lekker gean.

Ik nim oan dat de minsken dy’t noch folle better op de hichte binne as ik dat ek sjogge en witte. Je sitte net foar neat yn in wantekommisje, yn in haadbestjoer of op in bûnsburo. Ik wol ek wol helpe by de kontrôle hear, mar dan allinnich as ik boppesteande want mei it reglemint yn de hân ôfkeure mei.

En dan gjin geouwehoer efternei deroer.

(Jacob Stelwagen)