Opgoaier (37) | Hoe Hans Hansie bleau

3130
0

Yn 2012 begûn ik mei Kaatsnieuws. Earst op Twitter (of moat ik no X sizze?). It wie de Bangmapartij yn Weidum en ik sette de útslaggen op Twitter. Neffens my wûnen Hendrik Tolsma, Cornelis Terpstra en Daniël Iseger foar Goutum, mar hielendal wis bin ik net. Frou Kaatsnieuws wie lilk. “Wat sitsto no mei dyn tillefoan hieltyd?” Ik lei it út. “Kânsleas,” sei sy. “Dat dochst mar lekker allinnich.”

Se is fan gedachten feroare en die mear as ik yn de jierren dernei.

Hans Wassenaar wie doe junior, mar stie ek al op de haadklasse.

As welpke siet er njonken Carina, want frou Kaatsnieuws hat in namme, op in bankje yn Tsjummearum. Of se kaam te sjen as er de PC keatste? Ja hear. Of se op syn feestje kaam as er dy wûn? Ja hear. En mar boartsje mei in keatsbaltsje. Dat jonkje woe alles winne. Syn skonkjes wiene noch te koart om fanôf dat bankje yn Tsjummearum de grûn te reitsjen.

Mar hy woe profkeatser wurde. En alles winne. En dat die er.

Hans wûn sunt doe de Freule, de Jong Nederland, de Bûnspartij (mei meardere ôfdielings) en de PC. En in Klaverke Fjouwer dus. In priis ynsteld troch de PC. Trettjin keatsers hawwe der ien en Hans hat him. Doe’t er wûn, moast er gûle. Ik snap dat. Hy sei: “Hjir haw ik it altyd foar dien.”

No hâldt er op as “folweardich haadklasser”, mar wol op Hans-eftige wize en mei Hans-eftige antwurden.

Wat in minder folweardich haadklasser dan is?

“Immen dy’t ynfalt en sjen lit, dat er eltsenien noch wol oan kin.”

Ik haw in soad keatsberjochten lêzen de lêste wiken. Dan gie it benammen oer it klassemintssirkus. Taeke Triemstra hat de measte punten. De Ljouwerter Krante skriuwt dat op as “de bêste ea”. Ik soe sels sizze: “De meast súksesfolle ea.” Punten meitsje je net de bêste. Punten binne punten. Je kinne se helje as je goed binne en lang genôch trochgeane en mear wedstriden keatse as oaren. En dy ek safolle mooglik winne fansels. As Gert-Anne van der Bos like lang trochgiet, hellet er it ek.

Mar ik tink net dat er dat docht.

Hans, Evert Pieter Tolsma, Bauke Dijkstra, Renze Hiemstra kinne langer troch. Sy kieze foar it gesin, foar oare hobby’s. Der is mear as keatsen foar dizze manlju. En foar guon froulju trouwens ek.

Tiid om nei te tinken. It keatsen libbet, dat leau ik echt, mar mei dizze aginda is it net te dwaan as je ek noch traine wolle, je gesin omtinken jaan wolle en ree binne twa wedstriden it wykein te dwaan. Dat giet net allegear. Of je moatte je gesin freegje om ek alles te offerjen foar je hobby.

Hans en Kaatsnieuws giene gelyk op.

Ik haw him bekritiseard en bewûndere. Ik ferflokte wolris syn gedrach yn it fjild wylst ik tagelyk de winnersmentaliteit moai fûn.

No is frou Kaatsnieuws lilk. En teloarsteld. En dat lêste is by froulju yn’e regel noch folle slimmer. It welpke fan doe hâldt op.

Begryp?
Jawis!

Leuk?
Nee!

Hans hâldt dermei op dus. En wy wiene derby. Fan welp oant no.

Frou Kaatsnieuws is it der net mei iens en Hans hat sorry sein.

En wy? Miskien is de sirkel wol rûn.

(Jacob Stelwagen)