Opgoaier (35) | Fynst it noch leuk?

2342
0

Ik krige in app fan in haadklassekeatser. Hy fûn myn lêste kollum oer it wangedrach fan meardere keatsers yn meardere kategoriën in goeie oanfulling op myn oare kollum deroer. Goed dat it sein wurdt. Mar syn fraach wie ek… “Wêr genietesto fan op it fjild?”

Hallo! Ik kin net alles tagelyk.

Ik ferwiisde nei myn kollum oer it skoalreiske nei Amsterdam. Wat wiene wy moai fuort.

Fûn ik leuk.

Mar earlik is earlik. Ik moast der efkes fierder oer neitinke. Genietsje ik noch fan keatsen?

Omdat wy fanwege de NK’s in soad by de jeugd wiene, krigen wy in soad bagger mei. En dat skriuw ik dan op, ek omdat ik fyn dat dit beneamd wurde mei. Moat. De jeugd hat no in lêste warskôging hân, neidat de Technyske Kommisje al jierren tsjin in KNKB-muorre oanrûn. Spitich, dat der twa kolums foar nedich wiene, mar goed dat it bart. De reaksjes dy’t privee kamen, ûnderstreken allinnich mar dat it dêr ek tiid foar waard. Ik koe se op de fingers fan fjouwer hannen net telle. It probleem is algemien wurden. Ik kin der noch fjouwer kollums oer skriuwe. Dat doch ik miskien wol. Mar hjoed net mear.

Ik haw it beneamd, meardere kearen no, en ik kin it net oplosse. Dat is oan oaren.

Dus! De fraach. Genietsje ik noch?

Ja. Dochs wol.

Marrit Zeinstra wie superieur op it NK yn Amsterdam. Allemachtich. Ik haw fan de earste slach ôf net in momint twifele of sy de 4 Wimpels helje soe of net. Safolle krêft. Safolle wille. Safolle oertsjûging. Fansels, sy die it net allinnich, mar as sy goed is, is de rest it ek.

Ik snap, Marrit, datst ophâldst. Mar foar it publyk is dat spitich.

De som is meer dan het geheel der delen.

Haw ik dan allinnich mar problemen mei it gedrach fan de jeugd? Nee.

Somtiden kom ik by Lyts OKK. Dat is keatsen foar bern fan de basisskoallen yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum. By de Tjeerd Bakkerpartij krije sy allegear in sinesappel. In stik as tachtich lytse en minder lytse keatsers. Tjeerd Bakker wie grienteman en skonk nei syn dea jild oan de stifting. Noch altyd binne der sinesappels, foar âlders en oar publyk ek eins, en moaie prizen. Alle skoalbern wolle dy partij winne.

En net allinne om de kettinkjes dy’t se winne kinne, al is dat moai meinommen.

“Dan stean ik op deselde beker as Tjisse Steenstra.”

Ja, ek hy wûn ea de Tjeerd Bakkerpartij.

Net it kettinkje is de priis. Nee. “Wy steane op deselde beker as Tjisse!”

Bern slaan skoalreiskes oer om de Tjeerd Bakkerpartij te keatsen.

Fyn ik leuk.

In oantal jierren die ik by Lyts OKK in ûnderfining op, dy’t my altyd bybliuwt. Johannes Westra sit op de line en sjocht de bal foar. In jonkje fan tsien net. En it jonkje seit: “Wat witte jo no fan keatsen?”

Dat fyn ik dan wòl wer grappich en meitsje der net folle fan. Johannes hat in Klaverke Fjouwer.

Sorry. Menear Westra hat in Klaverke Fjouwer.

Moarns betiid wurde de linen lein troch minsken dy’t troch harren pensjoen tiid hawwe. Yn de rin fan de moarn komme der in stik as tachtich keatsers en keatserkes nei it fjild. Foar de sinesappel, it kettinkje en benammen de namme yn de beker. Dêrnei komme der mear frijwilligers. Paul Dijkstra, Sjouke Beimers, Thom Dijkstra, Rimar van der Schaaf. Brêgeklassers dy’t net mear meidwaan meie, mar wol helpe wolle.

Foar in bakje patat of soksawat.

Hans Wassenaar, om mar immen te neamen, hat alles wûn.

Hast.

Lyts OKK net en dat sil ek net mear barre. Mar ast de prizen útrikke wolst, sille de bern springe. Bist altyd wolkom, wit ik fan de minsken fan Lyts OKK. Wennest op rinôfstân, dus dat kin it probleem net wêze.

Dat wie yn prinsipe de lêste sin. Mar doe wûn Bitgum foar it earst yn de skiednis it NK Pupillenjongens. Allegear jongens dy’t ea by Lyts OKK meidiene.

No woansdei is der wer Lyts OKK. Tjeerd Bakkerpartij. Yn Bitgum. Mei in Nederlânsk kampioen yn it fjild. Kom sjen! Ekas jim takomstich kampioenen sjen wolle.

Sy helpe mekoar en skelle mar in bytsje.

Leuk!

(Jacob Stelwagen)