Opgoaier (30) | Skrokken

3558
0

Ik bin in bytsje skrokken.

Eins bin ik hiel bot skrokken.

Nei twa wiken Lanzarote tocht ik, dat ik der wol wer efkes tsjinoan koe. Mar nee. Ik reizge nei Berltsum en kaam mei lead yn de skuonnen werom. Dêr yn Berltsum keatsten de haadklasse-froulju yn in pûl. De earste klassers soene ‘gewoan’ in list ôfwurkje, mar dat slagge net. Trije ôfmeldings en der wiene gjin sân partoeren mear, mar seis. Twa pûltsjes dus. Tritich keatssters yn totaal. It wie al winst, dat it fuortfallen fan in partoer gau oplost waard. In wike earder begûn it keatsen in heal oere letter, omdat net in minsk in idee hie wat no eins de bedoeling wie.

Tsien partoeren yn Berltsum dus.

Ik werhelje… Tsien partoeren.

Dat is twa minder as dat der op de Frouljus PC stean meie. Sterker noch… Der steane mar fjirtjin partoeren op de ranking. Dat is te min om in Keats Off foar dy PC te hâlden. En dan? Eltsenien mar meidwaan litte? De earste tolve meidwaan litte en de Keats Off ôfskaffe? Werom nei acht partoeren yn Weidum?

Best aardich sa’n pûl, mar net te folgjen as taskôger. In winner kin letter samar in ferliezer wêze en oarsom. Lit ús ek net ferjitte dat soks berne is út earmoed. Der binne net genôch oanmeldings mear om in haadklassepartij en in earste klaspartij op itselde moment te keatsen. Boppedat wurdt der yn de haadklasse net echt lotte foar dy pûlwedstriden. In oantal keatsers wurdt útsetten en keatst dus altyd mei mindere maten. Is dat slim? Net as it lot dat bepaalt. Wol as dat in doelbewuste kar is. Je traine je de blubber en steane op snein yn it fjild mei minsken dy’t noch lang net oan de haadklasse ta binne. Hoe komt soks ta stân? Wa betinkt dat? Wêrom wurde Ilse Tuinenga, Louise Krol en guon oaren altyd útsetten, mar Anne Monfils en Annet de Haan nea? Lotsje op it fjild en je binne fan it probleem ôf. Ja, dan is der ris in sterker partoer, mar so what…? Der is altyd wol in partoer sterker. Je litte it lot bepale of smite sels mar in list yn elkoar. Wêz dan dúdlik.

En dan de fraach dy’t al wiken boppe de merk hinget… Hoe ferwurkje je pûlkeatsen yn de ranking? Dy is as eksperimint útfierd (en wie ynienen definityf), mar telt allinnich omlopen. Omlopen. Gjin earsten. It past net yn it systeem, mar yn in gearkomst mei de froulju op moandei moat de oplossing komme. Wêrom dan eins? Hawwe de froulju it probleem feroarsake? Nee? Wêrom moatte sy it oplosse dan? Je feroarsaakje in probleem bûten de keatssters om en freegje dan… Hoe no fierder? Bizar.

Yn de Ljouwerter Krante fan 3 septimber ferline jier waard der al warskôge, dat it fiif foar tolven is foar it frouljuskeatsen. Dat wie doe wier, mar no net mear. De klok hat al lang tolve oere slein en yntiids is it sa’n bytsje healwei ienen. Nynke Sijbrandij lei yn dat ferhaal al de finger op it seare plak: “Der binne dit jier en ferline jier tsien goeie keatssters ophâlden. Oar jier nochris fiif en der bliuwt net folle oer. Dus ja, se binne te let.” Der waard doe noch net iens rekken hâlden mei it (al as net tydlik) ophâlden fan Manon Scheepstra. Dy wurden fan Sijbrandij binne profetysk.

“Oare jier nochris fiif en der bliuwt net folle oer.”

Wist sy dat of wie dat in teoretyske situaasje? Dat lêste is it no yn alle gefallen net mear. It is de hurde realiteit. Ik sil sy net neame, want ik haw de froulju der gjin tastimming foar frege, mar as der fiif fan de bêste keatssters ophâlde, dan falt de skea noch ta. De nammen gûnzen al foar it keatsjier begûn en gûnzje noch hieltyd. En it binne noch altyd deselde nammen.

Dat is slim, dramatysk foar it nivo sels, mar ik skrok noch folle mear fan oare saken dy’t ik seach en hearde.

Der binne kloften keatssters dy’t net it gefoel hawwe, dat it noch doel hat om troch te gean. Froulju dy’t kwa leeftyd noch jierren meikinne mar no mei de siel ûnder de earm nei it fjild komme. En nee, dat binne net allinne de minsken dy’t gjin kâns meitsje op in priis. Krekt net. It binne de froulju dy’t meidraaie kinne mei de bêsten en it gefoel hawwe, dat sy al jierrenlang net heard wurde. It slimste wat ik hearde? “Ik haw it gefoel, dat se fan de toppartoeren ôf wolle en wer hielendal op’e nij begjinne wolle.” Ik leau dat net, mar as je as bûn guon froulju dat gefoel jouwe dan dogge je yts net hielendal goed.

Ik wit, dat der mails op it bûnsburo lizze mei bulten fragen en opmerkings fan keatssters, mar dat der net folle mei bart. Dan giet it ûnder oaren oar de wedstrydaginda. Ja, de froulju woene ek wolris in wykein frij. Mar om se dan Bitgum en Menaam ôf te pakken? De partijen dêr’t se it leafst komme, partijen dy’t oansjen hawwe en dêr’t sy de prizen de muoite wurdich fine?

“Ja, jim woene faker frij!”
“Mar net as wy yn Bitgum keatse kinne…”
“Ja, mar jim woene faker frij!”

Eigen skuld dus, dat jim net mear nei Bitgum meie.

Ik wit dat der fan’t winter geregeld mei de froulju oerlein is. Yn in stik yn, alwer, de Ljouwerter Krante fertelde Afke Hijlkema der wiidweidich oer. “Mar,” sizze guon keatssters, “der is gjin fuck mei dien.” Tenminsten, de froulju fernimme der neat fan, sizze se: “We komen er op terug, mar dat hearre we al jierren.” Guon binne sels noch altyd lilk oer datselde stik: “Njoggen fan de tsien útspraken binne gewoan net wier.”

Wier of net. De belibbing fan keatssters en bûn oer de fraach hoe’t it giet en wat der wol en net dien is, lizze kilometers út elkoar.

Ik seach en hearde frustraasje, lilkens, fertriet en keatssters dy’t der wol klear mei binne. Keatssters. Meartal, dus. Froulju dy’t neat leaver wolle as keatse. Dy’t de sport ite, sliepe en drinke, mar dy’t no folslein murw binne. Omdat sy net mear witte hoe’t it fierder moat. Omdat sy it gefoel hawwe, dat der net harke wurdt en dat sy net winske binne. Dy’t wol wolle en der alles foar dogge, mar net mear witte wêrom eins.

Dêrfan skrok ik it aldermeast, want it sit djip by guon keatssters.

Terjochte of net. As de froulju dat sa fiele, dan moatte je der wat mei.

Net juster. Net mei noch in wurkgroep.

No. Letter is te let.

(Jacob Stelwagen)