Opgoaier (25) | Fiif

Marco van Basten wie myn jeugdheld. Dat wie in fuotballer. Omhaal tsjin Den Bosch. Unmooglike goal yn de EK-finale fan 1988. En altyd sykje nei de grins. Wat dat lêste oanbelanget hie er in keatser wêze kinnen. Ik wit net mear hokker wedstryd it wie, mar it nei-petear gie sa’n bytsje sa…

“En hier ga je vol op het been van je tegenstander staan.”
“…”
“Zie je dat?”
“Ja, ik zie het.”
“Dat kan toch niet?”
“De scheidsrechter floot niet, dus volgens mij mag het dan.”

Dat lêste wie like flau as wier. De skiedsrjochter hie it wol sjoen, eltsenien hie it sjoen, mar seach it net as in oertreding. En dus wie it gjin oertreding. De skiedsrjochter is baas.

Altyd. En dus ek altyd dúdlik.

In giele kaart kin yn fuotbal om dy reden nei ôfrin nea in reade kaart wurde, ek al wie de oertreding noch sa slim. Kinst ien dwerstroch skoppe, mar giel wurdt nea read. De skiedsrjochter hat de situaasje beoardield en dêrmei is de saak dien. Soe er it net sjoen hawwe, en dus hielendal net beoardield hawwe, dan is it in oar ferhaal. Dan wol in tuchtkommisje op basis fan bylden noch wolris wat roppe en skorse, mar oars net.

Omdat de skiedsrjochter baas is, dus.
Neat oan de hân, útsein as it om keatsen giet.

Daniël Iseger (jawis, dy seagen jim heus wol oankommen) stapt op de haadklassewedstriid yn Huzum yn it fjild foar Sjoerd de  Jong. Ik wit net of er him dêr fersinde of dêr de grins opsocht. Ik nim wol oan, dat dat de skiedsrjochter ek opfoel. Sjoerd moat wat faker nei de kapper as Daniël. Oan Daniël kinst wol in bytsje sjen, dat er wat minder faak traint as eartiids. O! En Daniël hat seis PC’s wûn. Dat falt yn keatslân ek op.

Dus ik bin der frij wis fan dat de skiedsrjochter it sjoen hat.

Ik wit trouwens net wa’t de skiedsrjochter wie en dat hoech ik ek net te witten, want it giet my net om de persoan. Fan hearren en sizzen wit ik, dat der al tidens de wedstryd sein is dat Daniël dêr eins net stean mocht. Wat mei in skorsing dy’t noch net foarby wie. Ik ken it reglemint net fan binnen en fan bûten. Hoecht ek net. Mar ik tink net, dat der yn it reglemint stiet dat in saak ôfdien is as dy troch de skiedsrjochter sjoen en dus beoardield is. Soe wol handich wêze. Je sette net foar neat in jurist yn in haadbestjoer dochs?

Dy tip krije alle ôfdielings by dizze fergees. Leuk foar de folgjende AV.

Mar goed… Dy skiedsrjochter hie dus sjoen dat Daniël Iseger yn it fjild stie.
Hy (of sy) beoardielde dat net as in oertreding fan in regel.
En hy (of sy) sei der dus ek neat fan.
“Volgens mij mag het dan,” soe Marco van Basten sein hawwe.
En dan soe Marco van Basten gelyk hawwe.
Mar Marco van Basten wie gjin keatser.

Neidat er ophâlde mei keatsen op it heechste nivo seach ik Daniël in pear kear op wat leger nivo keatsen. Foar de wille. Aardich om te sjen, dat as in haadklasser ien kear út syn topnivo-bubble is de leafhawwer ynienen werom is. Ik sis net, dat haadklassers gjin leafhawwers binne. Der binne allinnich mar in pear wêroan je ôfsjogge, dat sy it echt moai fine om te dwaan.

Ik dwaal wer ôf. Sorry.

Daniël woe wol of net yn berop. Dat waard my net hielendal dúdlik. It soe al moatte. No’t de leafhawwer yn him wekker wurden is, dy moaie wurden haw ik stellen fan Geert van Tuinen, soe er de oare leafhawwers helpe moatte. Op it heechste nivo falt it wol wat ta en ik kin it net bewize, mar ik haw it gefoel dat oare leafhawwers earder pakt wurde as de keatsers op it heechste nivo. Ik haw keatsers mei bleate hân keatsen sjoen, omdat de want in gram te swier wie. Nee, dat wie net op de haadklasse. En nee, ik begjin net wer oer it keatsen mei ôfkarde wanten earder dit jier. Dêr die de strafkommisje hielendal neat mei. Wie al ôfwage (net bedoelde wurdboarterij) troch de wantekommisje. En dus ek al beoardield as net slim genôch om te straffen.

Klear. As it gjin keatsen west hie.

Der waard earder dit jier in bern skorst, omdat er net by de priisútrikking wie. Wol ôfmelden by de skiedsrjochter. Heit moast melke, der wie gjin oar ferfier en de finale moast noch begjinne. Sa’n jonkje wurdt skorst. Dy skorsing is trouwens letter omsetten yn in ‘berisping’.

Dêr moatte je dan ek noch bliid mei wêze.


Ek hjir hiene (lette jim noch op, ôfdielings?) strafkommisje en beropskommisje neat te dwaan hân as it oardiel fan de skiedsrjochter bepalend wie. Skiedsrjochter wit, dat keatser net by priisútrikking wêze sil. Skiedsrjochter beoardielt, dat dêr in goeie reden foar is. Terjochte of net? Makket net út.

Beoardield. Klear.

Miskien siet Daniël (no ja, stie) ferkeard yn Huzum. De skiedsrjochter wist dat wol of wist dat net. Hy (of sy) hie yn alle gefallen gjin bryfke meikrigen mei nammen fan keatsers dy’t skorst binne. Lytse muoite trouwens, mar goed… It wie der net. Hy (of sy) bedoardielde, dat it sa wol koe. De strafkommisje kaam efternei lykwols mei it oardiel, dat de skiedsrjochter it mis hie en die noch in skepke op de foarige skorsing fan in keatser mei in fierder suver wyt strafblêd.

Fiif wedstriden. Bam!

Skiedsrjochters binne al dreech te finen en hawwe it sa al dreech genôch. Dy komme alle wiken sels al op rapport. Dêryn stiet, dat sy it goed dogge. Of net. Dat sy te amikaal binne nei de keatsers ta. Of te ôfhâldend. As je der as skiedsrjochter, as keatser en as publyk no ek noch rekken mei hâlde moatte dat ien of oare grapjurk letter rapport opmakket mei dêryn wat der mis is en dat der fan alles nóchris beoardield wurde moat, dan binne wy foarearst noch net klear.

Soks neame je wurk fan it wurk.

Mei argewaasje as gefolch. En argewaasje oer dy argewaasje.

De leafhawwer yn de PC-winner hat no foar de twadde kear dit jier in triuw krigen en der yntusken alwer wat wedstriden skorsing opsitten. Yn it belang fan oare leafhawwers mei ik hoopje, dat in beropskommisje it efentueel sa wol prima fynt. En dat ôfdielings (de echte bazen yn it keatsen) no ris echt mei de fûst op tafel slaan yn in echte fergadering en freegje om fatsoenlike regels. Breidzje der in ein oan en stel oars de folgjende twa fragen nea wer.

Wêr binne de leafhawwers?
Wa wol hjoed skiedsrjochter wêze?

JS