Home opgoaier Opgoaier (8) | Statistyk

Opgoaier (8) | Statistyk

265
0

Stel… Je geane in jûn nei it teater. De foarstelling sil oardel oere duorje, mar de foarstelling leit sa faak stil om watfoar reden dan ek dat it effektyf heechút in oere duorre hat. Ik wit net wat jim dwaan soene, mar ik soe my slim bekocht fine. Is dat in ferwyt oan it keatsen? Dat it spul te faak stilleit? Nee, aanst oer it keatsen. Ik haw it no oer fuotbal.

Ik haw de finale fan de Champions League mist. Net, omdat ik sa drok wie. Ik hie der gewoan net oan tocht. De bylden seach ik dus earst letter. Safolle fuotbal siet der net yn. Wat my noch it measte opfoel, wie it gedrach fan Pepe. Dat skynt in topper te wêzen, mar it is in man dy’t it begrip ‘idioat’ nei in nij nivo bringt. Hy eamelt om de pear tellen by de skiedsrjochter, knypt, slacht, skopt en docht noch folle mear dingen dy’t op in sportfjild net hearre. Krijt er sels in tikje, dan falt er net allinnich om. Hy rôlet in meter as tweintich troch en grypt lûd razend nei de knibbel of sa. Meastentiids de ferkearde, want it tikje wie sa sêft dat er eins net iens wit hokker it wie. It sjocht der sa slim út, dat je efkes tinke dat er it net oerlibbet. Gelokkich is der altyd wol ien mei in spûns en de ‘wonderbaarlijke genezing’ is in feit. Sokke ûnsin moatte je dus nei sjen as je nei fuotbal op it heechste nivo sjogge.

Dat is dan folkssport nûmer ien.

Fiifentweintich jier lang kaam ik geregeld yn in fuotbalstadion. Ik wie der dan in oerke yn it foar, de wedstryd duorre oardel oere, der wie in kertier skoft en dan moast ik noch yn de file nei hûs. Dy rekkensom wol ik sels wol meitsje. It resultaat fan in jûn of middei nei in stadion is dus faak: fjouwer oeren ûnderweis, heechút ien oere sport sjoen, mei as bonus de kâns dat it bloedsaai wie en 0-0 bleau. En idioaten as Pepe krije je der dan fergees by. In foarm fan teater dy’t mei de sport sels neat te krijen hat. Fan it keatsen wurdt sein, dat it faak sa lang duorret. Dat is wol sa, want je binne der net yn in oerke fan ôf. Oan de oare kant… Op in haadklassepartij by de hearen kinst yn acht oeren tiid njoggen partijen sjen en eltse partij hat in winner. Rekkenje dat gemiddelde sels mar út, mar dan is keatsen eins wol in flitsende sport.

Mar fuotbal is folkssport nûmer ien en keatsen sit yn de hoeke wêr’t de klappen falle.

Keatsen dus. Der rekket wolris ien blesseard, mar ik haw noch nea in keatser lûd razend tweintich meter rôljen sjoen, omdat in oare keatser him in triuwke joech. Om dêrnei wer op te stean en te dwaan of der neat oan de hân is. As Thomas van Zuiden op earsten gelyk lizzen bliuwt, witte je dat der echt wat oan de hân is. Der binne fansels wol minsken dy’t minder ferstannich binne, mar om ús keatsers no idioaten te neamen… It is wol ferliedlik, want tsjin in reklameboerd skoppe, dan in dei net foarbêst opslaan kinne en dêrnei jesels ôffreegje of je wol keatse kinne it wykein dernei is net geweldich handich. Mar idioat? Neuh.

opgoaier

Leit it oan it nivo en sit it nivo yn statistiken? Ik lies, dat der yn Doanjum oer de hiele 189 opslachballen it perk net hellen. Dat is in soad en sokke statistiken wurde faak brûkt om út te lizzen wêrom it neat mear is mei it keatsen. Werom nei it fuotbal dan mar. Yn de finale dy’t ik net seach en dochs net mist haw, is der 43 kear in poging dien om in bal op doel te sjitten. Tolve kear kaam de bal ek op doel (28%). Dat is dus ek 72% mis. Fan dy 43 pogingen smieten twa in doelpunt op (krekt wat mear as 4,5%). Nei al dy 43 pogingen lei it spul trouwens stil, omdat der in nije bal komme moast. En twa kear noch folle langer, omdat der wat te fieren wie. Fan alle passes giet op syn minst in prosint as 15 nei immen mei in shirt yn in oare kleur en it wie net de eigen keeper. It spul lei trettjin kear stil foar in hoekskop, 35 kear foar in oertreding, acht kear noch langer omdat der in giele kaart op folge en de skiedsrjochter syn administraasje bywurkje moast. O, twa kear rûn der ien bûtenspul. Ho. Stop. Wachtsje op de frije traap. En dat allegear yn njoggentich minuten tiid.

Dat is dan folkssport nûmer ien.

Ik haw myn skoalle net ôfmakke, dus ik kin der ien neist sitte. Ik haw sneon it heechste fan it heechste yn it fuotbal mist. Yn twa oeren is it spul hast hûndert kear stillein. Yn in gemiddelde fuotbalwedstryd is de bal ien op de trije minuten net iens yn it spul. Statististysk sjoen kin der neffens guon gelearden gjin donder oan dat hiele keatsen wêze. Mar dan ek net oan fuotbal dus, neffens my. Wêrom miene miljarden minsken dan fan wol?

Hoe wurdt soks folkssport nûmer ien?

Ik jou ta, dat flaters sport net perfoarst ynteressanter of ‘leuker’ meitsje, mar it kin foar myn gefoel net de folsleine ferklearring wêze foar it feit, dat it keatsen sit yn de hoeken dêr’t de klappen falle. Wat dy ferklearring wol is? Ik wit it echt net.

Sizze jim it mar.

Jacob Stelwagen

Vorig artikelOpgoaier (7) | Mear en better
Volgend artikelOpgoaier (9) | Kommissaris

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in