Home laatste nieuws Opgoaier (7) | Mear en better

Opgoaier (7) | Mear en better

455
0

Myn meidieling  dat de kâns hiel grut is dat de heale finales en de finale fan de Bûnspartij takom jier wer op it Sjûkelân ferkeatst wurde, feroarsake mar in lytse rimpeling yn de keatsfiver. Blykber is sok nijs net genôch om in skriuwende, pratende of filmjende sportsjoernalist yn beweging te krijen. It falt sawiesa net ta om in sportsjoernalist yn beweging te krijen as it om keatsen giet. Wat is der oan de hân? Ik wit it net.

Ik jou ta, it wiene oare tiden. De tiden dat ik noch fanatyk oan sport die. Net laitsje, want it is gjin grapke. Ik fuotballe yn Snits. Behoarlik nivo ek en dus wûnen wy faker wol as net. Op moandei kaam de krante en dêr stiene alle útslaggen yn. En as ik sis alle, dan bedoel ik alle. Dus eltse moandei op kop en earen yn de krante om te sjen hoe’t wy fuotballe hiene. Dat wist ik wol, ik wie der ommers sels by, mar dochs wie it moai om it swart op wyt werom te sjen. It stiet my by, dat net allinnich alle fuotbalútslaggen yn de krante stiene. Ek de útslaggen fan alle keatswedstriden, fan welpen oant en mei senioaren, wie noch romte foar.

Ofrûne moandei socht ik yn de kranten ferslaggen oer it keatsen en de útslaggen. Dêrfoar moast ik earst it hiele sportkatern troch en ferdomd… Earne hielendal achteryn stie in stik oer de haadklasse en in pear wurden oer de earste klasse. By de hearen. De froulju besteane yn de kranten amper of net (meastentiids wurde dy yn in twakolommerke ferstoppe yn in hoekje op ien fan de lêste siden) en alles wat sechtjin jier of jonger is liket hielendal net te bestean. Ja, ien kear yn it jier, omdat der dan in Freulepartij ferkeatst wurdt. Fierder besteane dy jongens net foar sportsjoernalisten.

Yn guon gefallen kin ik soks begripe. Max Verstappen wint foar it earst de Formule 1. Steven Kruiswijk ridet in folslein peloton de fernieling yn by de Giro d’Italia. Ik begryp, dat sokke prestaasjes de foarsiden helje.  Mar wêrom moat ik my earst troch ferslaggen fan in heale side wrakselje oer in balskopwedstriid tusken twa klubs dy’t ik noch nea spyljen seach, nea spyljen sjen sil en wêrfan ik ek net ien spiler neame kin? Earst dan kom ik op in side wêrop stiet dat de rekôrrace fan it toppartoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger noch net ôfrûn is. Dan hawwe wy it dus oer it alderbêste wat ‘ús’ eigen Fryske sport te bieden hat. Oer keatshistoarje dy’t yn ús tiid skreaun wurdt, mar amper opskreaun of sjen litten wurdt.

Gelokkich wit ik sûnt it Frysk Deiblêd fan hjoed, dat De Wilper Boys tsjin RKO 0-0 bleau. Dan sitte wy earne yn de fjirde of fyfde klasse fan it amateurfuotbal. De iene klub komt út Grinslân, de oare út Flevolân. Wêrom moat ik dat witte? Gelokkich wit ik sûnt de LC fan hjoed, dat Trinitas ferlear fan Ruinerwold en dat it twadde alvetal fan Skylge wolris kampioen wurde kin. Sterker noch, dat lêste gegeven wie in heale kranteside foar ynromme.  Wêrom moat ik it witte? Wy sitte dan yn de kategory fuotballers dy’t amper by steat binne in strânbal rjochtút te skoppen. No ja, dat is ek net sa maklik as it in bytsje waait, mar jim snappe myn punt wol.

It ûntbrekt der noch mar oan of we lêze, dat de wedstryd tusken Klokkentorense Boys 7 en FC Bal Op Dak 9 tsien minuten staakt is, omdat de skiedsrjochter nei it húske moast. Krekt wat te bot bunkere by in pleatslik wokpaleis mei in dubieuze hygiënyske reputaasje. Efkes de jûn derfoar der útbaggerje. Of dat de linksback fan Blija de earstfolgjende wedstryd tsjin SSS ’68 misse moat, omdat er mei de frou nei de Huishoudbeurs moat en de leave frede thús wichtiger is as in kreaker yn de 5e Klasse B. Gegriem is it, geneuzel lês ik. En dat wylst ik tink, dat er oer keatsen folle moaiere ferhalen te skriuwen binne as de futiliteiten dy’t ik no alle dagen ûnder eagen krij. Fansels, keatsen is net in grutte sport en al hielendal net de grutste, mar dat wol net sizze dat der gjin ferhaal yn sit.

Soene der seistûzen minsken te finen wêze dy’t it wat útmakket hoe’t de Wilper Boys spile hawwe? Of RKO? Of it twadde alvetal fan Skylge? Ik leau der hielendal neat fan.

Wêrom ik it getal fan seistûzen neam? Omdat as wy op tongersdeitejûn trije foto’s fan Michelle Bruinsma op ús Facebookside sette dy foto’s binnen fjouwerentweintich oeren mear as seistûzen kear besjoen wurde. Ik jou ta… No liet Michelle op ien fan de foto’s in part fan har reade string en har billen sjen en ik slút net út dat soks ynfloed hân hat. Mar de string (prima string, hear) en de billen (ek prima, hear) binne net de folsleine ferklearring. It twongen ôfskied fan Pieter van Althuis en ús berjocht en myn kollum dêroer binne seis kear faker lêzen as it bûnsblêd abonnees hat. No sil dat blêd faaks noch in moai ferhaal oer Pieter skriuwe, ik mei tenminsten hoopje fan wol, mar dan binne wy wer in moanne fierder en it gros fan de keatsfolgers en dus ek de lêzers fan it blêd kent dat ferhaal dan al wol. Wat mei ‘mosterd’ en ‘maaltijd’.

De kranten makken der ek al net it measte fan. Wêrom lês ik wol in foarskôging en in foarsizzing fan in my net bekende saakkundige oer de kreaker tusken Houtigehage en Haulerwyk yn de 5e Klasse C, mar mei ik fan de krante net witte dat haadklasser Herman Sprik moarn net yn Dokkum keatst, omdat er noch te bot lêst hat fan it skouder? Of dat PC-winner René Anema wer op it fjild stiet dit wykein, mei Pieter van der Schoot en Hillebrand Visser? Of dat de Bûnspartij dus werskynlik wer foar in part op it hillige gers fan it Sjûkelân ferkeatst wurdt?

Fragen, fragen, fragen, mar ik wit it de antwurden ek net. It keatsen fertsjinnet net minder as de foarbylden dy’t ik oanhelle. Leau it of net, mar de útslaggen fan (ik neam mar in kategory) de earste klasse by de froulju wurde op Facebook alle wiken troch op syn minst fiiftûzen minsken besjoen. En dat wie dan noch foar de reade string fan Michelle.

Ik kom faak genôch op in keatsfjild en doar dêrom te sizzen… It keatsen fertsjiinnet mear en better as wat ik no sjoch, lês en hear.

Jacob Stelwagen

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in