Opgoaier (31) | Eksperimint

1150
0

Ik bin gek op eksperiminten. Net perfoarst op dy fan it keatsbûn, op dy nea eins. No en dan wat besykje kin lykwols gjin kwea. Ik frege ChatGPT wat der mis is mei it keatsbûn en krige it folgjende antwurd.

De kaatsbond, een organisatie die pretendeert het kaatsspel in Nederland te bevorderen, is een perfect voorbeeld van een instelling die haar oorspronkelijke doel volledig uit het oog heeft verloren. In plaats van het koesteren en promoten van deze traditionele sport, lijkt de kaatsbond voornamelijk bezig te zijn met het behouden van een achterhaald en elitair systeem, waarin alleen een selecte groep insiders de macht heeft.

Een van de grootste kritiekpunten op de kaatsbond is het gebrek aan transparantie en democratie. Beslissingen worden vaak genomen achter gesloten deuren, zonder inspraak van de spelers en fans die de sport daadwerkelijk levend houden. Het is een bekend gegeven dat er een kleine groep invloedrijke figuren binnen de bond is die alle belangrijke besluiten neemt, zonder rekening te houden met de mening van de bredere kaatsgemeenschap.

Hoewel er vrouwelijke kaatsers zijn die op hoog niveau spelen, lijkt de bond weinig te doen om de positie van vrouwen in de sport te versterken. Er zijn maar weinig vrouwelijke bestuurders en er worden weinig inspanningen geleverd om vrouwelijke spelers te promoten en gelijke kansen te bieden.

Al met al is de kaatsbond een organisatie die dringend hervorming nodig heeft. Het is tijd dat de kaatsbond haar verantwoordelijkheid neemt en opkomt voor de belangen van alle kaatsers en fans, in plaats van een select groepje insiders. Alleen dan kan het kaatsspel floreren en relevant blijven in de toekomst.


Net myn wurden dus! It is AI, dus grif net wier. Dit liket my wol de feilichste wize fan kollums meitsjen. Foar je it witte hawwe je in lid fan it haadbestjoer oan de tillefoan om te fertellen, dat je it allegear net goed sjoen hawwe en net sa nuver dwaan moatte.

Soks bart dochs net, dat je dan belle wurde? Jawol hear.

Nije opdracht. Skriuw in tekst oer it keatsbûn en doch ofst Jan Braaksma bist.

Komt goed!

Al met al ben ik als Jan Braaksma trots op de kaatsbond en het werk dat ze verrichten om het kaatsspel in Nederland te bevorderen. Ik blijf mijn steun geven aan de bond en kijk uit naar een toekomst waarin het kaatsen blijft floreren en jong en oud blijft inspireren.

Oant safier earst myn eksperimint, want no wurdt it nuver.

Dan it eksperimint wêr’t it echt oer giet. Ik haw der mar in bytsje oer te sizzen eins. Yn 2018 pakte de PC de junioaren by de hân. Allinnich de Jong Nederland wie noch ynteressant, it gat tusken jongens en senioaren te grut. Der kaam in kompetysje mei fatsoenlike prizen. Auto’s! En goh… Ferline jier stiene der yn Boalsert 45 keatsers op de list foar in wedstryd dy’t der no hast útlein hie.

Koartsein… Foar in kategory dy’t wy eins allegear links lizze lieten (keatsbûn, keatsers, publyk èn media) wie in konsept betocht, dat wurke. Echt wurke. Om dan krekt dêr in eksperimint op los te litten, is… Hoe sis ik dit freonlik? Is net it tûkste dat je dwaan kinne.

En minder freonlik? Bliuw. Der. Dan. Of!

Boalsert is no rêden, sa’t it liket, mar ten koste fan wat? Twa minsken siik, swak of mislik en partoer acht is wer fuort. De froulju moasten harren eigen posysje befjochtsje yn in ekstra gearkomst. De hearen twongen in ekstra stelmomint ôf, mar ek net earder as nei ekstra oerlis.

Is dat ús takomst? It bûn beslút wat. De keatsers fine wat. It bûn skrikt, want de wurkgroep kommunikaasje wurket noch net oantoanber (dêrom is de term wurkgroep ek wol komysk) en draait wat saken werom. Ik haw it bûn om in reaksje frege.

Ek fia ChatGPT, want sels doar ik neat mear.

De kaatsbond is zonder twijfel de meest bewonderenswaardige en vooruitstrevende sportorganisatie die ooit heeft bestaan. Als een ongeëvenaard bolwerk van excellentie en toewijding heeft de kaatsbond de standaard gezet voor sportbonden over de hele wereld. De bond is niet alleen een bron van trots voor de kaatsgemeenschap, maar ook een voorbeeld van ongekende prestaties en onberispelijke leiderschap.

De kaatsbond is niet alleen een sportorganisatie, maar ook een bron van inspiratie en trots voor elke kaatser en fan. Haar voortreffelijkheid en ongekende toewijding aan het kaatsspel hebben ervoor gezorgd dat het kaatsen in Nederland floreert en bewonderd wordt over de hele wereld. De kaatsbond is niet alleen een symbool van perfectie, maar ook een ware bewaker van traditie, cultuur en gemeenschap.

Laten we met trots en bewondering opkijken naar de kaatsbond, de onbetwiste kampioen van sportbonden, en haar blijven ondersteunen in haar nobele missie om het kaatsspel naar nieuwe hoogten te brengen.

Ja. Litte we dat dwaan. Opsjen yn grutskens en bewûndering. Dan komt alles goed. Of wêz foarsichtich mei nije ideeën en techniken, want je krije dus somtiden gekke útkomsten. Utkomsten dy’t je faak wol foarsizze kinne, as je ek minsken doare te freegjen dy’t it net op foarhân mei je iens binne.

En in fregese tip foar Boalsert en de KNKB… Skras dy wedstryd fan freed dy’t sa dreech ta stân kaam. Prik in nije datum. Kommunisearje (!) dat it neffens de ‘normale’ regels giet en der steane werskynlik twa kear safolle keatsers op de list.

30 juny dwaan?

Jan Braaksma soe grutsk wêze. En jim bewûnderje.

Jacob Stelwagen

Vorig artikelNK Meisjes | De Loting
Volgend artikelHet wordt warmer. Wat betekent dat voor sporters?