Home opgoaier Opgoaier (29) | Het leed dat ranking heet

Opgoaier (29) | Het leed dat ranking heet

627
0

Bêste Marco,

Peter van Zuiden hat gelyk. Ids Hellinga ek. Peter sei nei de Keats Off dat de ranking net doocht. Ids seit dat der in Keats Off is om efentuele ûnrjochtfeardichheden út de ranking noch te herstellen. “It is wat raffelich oan de ûnderkant,” sei er. Beide sizze sy hast itselde: it systeem dat no brûkt wurdt, docht lang net alle keatsers rjocht. En dat is ek wol logysk, want in systeem tinkt net nei. Dat rekkent en seit dan dat it no ien kear sa is. Mar in systeem is ek betocht troch minsken, dit systeem ek. Wêrom bestiet der in Systeem 2 (Keats Off) njonken in Systeem 1 (ranking)?

Tiid foar guon minsken om djipper nei te tinken.

It is krekt it bestjoeringssysteem Windows. Nei in jier is de data-omfang fan de updates grutter as dy fan it systeem sels. Allegear damage control. Allegear in teken, dat der net goed genôch neitocht is of te fluch besluten. Ja, dat kin ek. Punt mei Windows is, dat je as brûker ynbring hawwe as je ûnsin tsjinkomme yn it programma. Dat wurdt dan repareard en klear is it wer. Oant je de folgjende ûnsin tsjinkomme.

Mar it keatsbûn en in bugfix? Dat sil wol mear as fiif AV’s duorje.

Tsjin dy tiid is der alwer in knoarre keatsers ophâlden. Guon keatsers driigje dermei en foar safier’t ik sjen en hearre koe, miene se dat ek. Net om in ferliespartij, dat heart derby, mar om it effekt dat de ranking op it keatsen hat. Wat is der oan as je nei in fjild geane om punten te tellen en net perfoarst om te winnen? Fansels… Guon keatsers binne bliid, dat sy de PC helle hawwe en dat mei ek. Dat moat sels. Dat docht neat ôf oan de krityk op it systeem.

It systeem is bagger.

Peter van Zuiden wie dit jier in ekstreem gefal, mar dat is der alle jierren wol. It hat gjin doel mear om dat roppen te bliuwen. Syn partoer wûn prizen op de haadklasse, kaam doe de trije partoeren tsjin dy’t boppe eltsenien útstekke. Dan is it te hoopjen, dat je as keatser gjin hichtefrees hawwe, want je donderje sa in ein nei ûnderen. Dat is ferfelend, mar ek in probleem. Want op de earste klasse kinne je nea de punten ferdigenje dy’t je fertsjinnen mei prizen op de haadklasse. Je komme opdaagjen op in haadklassewedstryd (40 punten), je winne in partij as partoer nûmer 9 of 10 (30 punten) en geane mei in steand nûmer nei de heale finale (30). Dat is dan hûndert punten en in boske blommen, dankewol. Leuk, foar dat momint. Ast ien kear op de earste klasse bedarre bist, moatst winne om mear punten te heljen. En as dat dan in earste klasse onbeperkt is, moatst der seis of sân omlopen foar winne. Ofwol… Sels op de earste klasse geane sokke partoeren der hast noch altyd op achterút. Sels in twadde priis betsjut dan, dat je noch fierder nei ûnderen geane. Der giet ommers in streek troch dy hûndert punten fan in x-oantal wiken lyn.

Yn foargeande alinea sit fan alles dêr’t ik muoite mei haw.

Wol punten om te ferskinen op in frije formaasje-wedstryd, mar neat as je leafhawwer genôch binne om nei in útnûgingspartij te kommen. Der binne keatsers dy’t dêr wol graach komme, dy’t sels stelle om der in pear mei te meitsjen, mar ek keatsers dy’t it in soad gedoch fine foar nul punten. Dy sitte op in terras, yn Center Parcs of ik wit net wêr krekt. Gjin probleem, neffens it systeem. Keatsen of Center Parcs is beide nul punten. En… Likefolle punten foar in oerwinning op partoer Steenstra as foar in steand nûmer? Wêrom? Hoe dan? Is dat deselde prestaasje? Mwah… Op 5-5 ferlieze fan in toppartoer yn de haadklasse telt foar de ranking itselde as op 5-0 ferlieze fan in stel âld-keatsers of ledekeatsers op in earste klasse onbeperkt. Of op de twadde klasse sels. It is net deselde prestaasje, dêroer is gjin diskusje moogik, mar it resultaat fan de prestaasje (of it gebrek deroan) is gelyk: nul punten.

It kin allegear, mar is it earlike sport?

No is in lotting fansels ek in systeem. Yn’e regel hat eltsien deselde kânsen en deselde foardielen en neidielen. As it systeem, betocht troch minsken, doocht. Dat by de froulju Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra yn fiif fan de sân partijen by elkoar lotte wurde, is in statistysk wûnder. Dat Johannes van der Veen trije steande nûmers hie op de earste klasse en Peter van Zuiden nul… Krije je as degradearde haadklasser nòch in kear op de bealch.

Dat moat in systeem wêze, want as der immen wol neitocht wie, gie it sa net.

Rutger Torensma, lokwinske mei dyn earste PC! It hiele jier op de twadde klasse, ien wykein op de earste en troch nei de haadklasse. En ek fuort werom nei de earste. En yntusken wer nei de twadde klasse. Ik kin it dy net ferwite, want sa is it systeem. Kloppet it gefoelsmjittich? Mwah. Hy profitearret maksimaal fan in systeem en dat is syn goed rjocht. Mar dochs… It knypt as je geregeld de earste klasse sjogge. Der is in groepke keatsers, dat altyd op de haadklasse stiet. Der is in groep dy’t wat hinne en wer dwarrelt tusken haadklasse en earste klasse. En der is in groep goeie earste klassers. En der binne keatsers dy’t net yn it systeem passe en der òf grut foardiel fan hawwe òf grut neidiel.

Is dat sa bedoeld of is it skea dy’t je op de keap tanimme?

Wat soe ik graach ris omdoarmje yn de holle fan de einferantwurdlike fan alles, de direkteur fan it keatsbûn. Op de fjilden wurdt der al sprutsen oer ‘direkteurke’. Dat is perfoarst gjin komplimint, mar dat jout net. Hy is der ommers hast nea en heart it dus net. Op folslein ûnferwachte mominten is er mei fekânsje. Jubileumpartij? Hy is der efkes net. Stride om Keats Off? Hy is der efkes net. Direkteurke is ôflaad fan Marco (what’s in name?)  Louwerens fan earst RTL dy’t de hearen Genee, Derksen en Van der Gijp yn de hân hâlde moast. Dat slagge net. Hy is synonym wurden foar ynkapabel en machteleas. Hy wurdt yn beslach nommen troch eat dat grutter is as himsels. Tinkt dit direkteurke nei oer sokke saken? It liket der net bot op, want wy fernimme der neat fan.

As it systeem sa is, brûk it dan.

It is wachtsjen op it momint dat in pear goeie âld-keatsers (jim kenne dy sels wol) de earste syklus oerslaan en yn de twadde syklus de twadde klasse ombeuke. Nei in wedstryd as fjouwer steane dy op de earste klasse. Noch pear omloopkes dêr en dy steane op de PC. Der binne ommers gjin punten te ferdigenjen as je de earste syklus lekker sjitte litte. Noch handiger is it om net fuortendalik te winnen, mar wat twadde en tredde prizen te winnen. Dan winne en je sjitte oan de ein fan de syklus nei de haadklasse of boppeste helte earste klasse. Leuk? Nee. In slach yn it gesicht fan minder talintearde keatsers dy’t alle wiken traine en keatse? Ja. Net traine, pear wykeinen keatse en je steane op it Sjûkelân. By de froulju moat dat noch makliker kinne, want dêr keatse somtiden net iens fyftjin partoeren yn in wykein.

Fan it systeem mei it.

Ik sjoch der ien grut foardiel yn en dat is dat minsken dan miskien wòl sjogge, dat dit net kloppet. Neffens Jan Braaksma, wy binne it lang net altyd iens, is direkteurke benammen in fûgeltsjeman. Mei de fûgeltsjes giet it ek net sa bêst, mar foar it keatsen hie it miskien better west as it dêrby bleaun wie.

Tiid om nei te tinken. Yn de winter is der tiid genôch foar. En de fûgeltsjes binne dàn op fekânsje.

Jacob Stelwagen

Vorig artikelFrouljus PC zoekt keurmeesters
Volgend artikelYnstjoerd: De dei is uzes