Home laatste nieuws Ynstjoerd: De dei is uzes

Ynstjoerd: De dei is uzes

440
0

“De dei is úzes” en foar in soad minsken ek “de dei is mines”. Ik ha dit jier nei de PC west, wat hawwe wy wer in moaie dei belibbe mei syn allen. Mar miskien moat ik sizze mei ússels.

It is in moai taferieltsje as je moarns om 9.00 oere op it Sjûkelân steane en elts syn plakje siket op dy “hillige” grûn”. In wurd wêr ik no net drekt wat mei haw, mar hawar. Wêr ik wol wat mei haw, binne de minsken. Elts komt der sa‘n dei op syn eigen wize, . Guon rom op tiid, oaren as de partijen krekt begûn binne en steure moatte om harren plak op de tribune te sykjen wêr’t dan it nedige kommentaar op komt.

De measte minsken komme tink ik mei de auto, “carpoolend as net”, op de fyts of mei it iepenbier ferfier. Der binne derby dy’t der foar fan harren fekânsjeadres ôfkomme út it suden fan it lân. In âlde man krijt fia syn dochter de groeten en in krûp fan syn âldste soan dy’t yn Frankryk wennet. De soan folget de PC via Omrop Fryslân. Hy winsket syn heit in moaie dei.

Op sa’n PC-dei komt der in ferskaat oan minsken, der binne dy’t noch nea in keatsbal sjoen hawwe, dy moatte it keatsen folslein útlein krije, der komme minsken dy’t net in keatspartij misse, der binne dy‘t allinne mar by de PC komme. Ien ding stiet fêst, foar elts hat de PC in betsjutting. Ek dy jongeman dy’t froeger ea ris as balkearder op de Freule stien hat en as bern troch syn heit en mem besmet is mei it keatsfirus. De jongeman moast foar syn wurk earst in klus ôfmeitsje sei er, mar dêrnei is ie nei de PC takaam om, ja wêrom?…… Omdat de dei uzes is?

Nei it Frysk folksliet geane de earste partijen los, elts yn it publyk is derby. Nei in pear- en foaral ferslapping fan partijen, komme de earste gesprekken oer oare saken op it aljemint. Dat giet fan wêr hellesto de jirpels wei oan’t wat Pelosi no yn Taiwan moat. Der binne ek minsken dy’t de krante yntusken “lêze” De earsten gean ek al fan harren plak om in slach om t fjild en in bakje kofje. De man foar my freget: “Jo passe wol efkes op myn tas no?”. Natuerlik, want de dei is uzes. As de man weromkomt, freegje ik befêstigjend of it goed wie dat ik ek in stikje fan syn bôle opiten hie. De man hie it goed fûn, koe hy nei de fiskboer om in fiskje.

Middeis gean ik sels in slach om t fjild en wat je dan oan ferskaat oan minsken sjogge is in lust. In mem dy’t har jonkje fan 5 kennis meitsje litte wol mei de PC. Wylst se it fjild oprinne is der krekt in prachtige slach fan ien fan de keatsers, út it publyk komt in daverjend applaus en “achs” en “ochs”, it jonkje skrikt, fynt it tagelyk moai, fielt him oerdonderde en moat der efkes fan gûle. “Wat is dit mem?!!”, De mem snapt it jonkje. It oerweldigt him, hiel begryplik se krûpt him oan en seit : “Dit?….Dit is no de PC”. De mem giet fierder, ik ek. Ik stean efter de opslach fansels nei it keatsen te sjen, want dêr binne op dat stuit de twa spannendste partijen oant dan ta te sjen.

Fansiden sjoch ik in man stean, grut burd, sandalen oan de fuotten dy’t tink ik wol 30 jier âld binne en eltse simmer op’e nij foar ’t ljocht komme. Krekt lykas syn simmerklean. Dizze minsken hawwe der altyd west en sille der altyd bliuwe. Dat moat ek, se binne nammentlik sels needsaaklik. De man pakt in papieren pûdsje dêr’t der hy juster de beantjses yn helle hat by de Appie wei en no syn bôle yn hat om moarn miskien de woartels yn te keapjen. De man is foar my it foarbyld fan duorsumens.

Minsken groetsje elkoar, “He hoi, he goeie, hoe is ‘t? Wat haw ik dy lang net sjoen, Wisto ek hoe’t it mei dy fan dy en dy is? Dochst de groeten efkes ast se sjochst?!”……. Der wurdt om raak fûske, in inkele kear groetsje minsken noch mei de earmtakke (mar earmtakken hawwe dochs in min imago), of de fûsten tjinelkoar oan (da’s better). De Koroana lit syn spoaren efter.

Fan jong oant âld belibbet dizze dei. Ik sit de hiele dei neist in âlde man fan 90 jier. Hy hat fanôf syn 14e jier net in PC mist. In echte leafhawwer is it. Hij kin ‘m noch safolle belangrike slaggen heuge út it ferline. Juster fernaam ik dat er ek wolris efkes de eagen ticht hie. Wat wolle jo ek. 5.00 oere fan’t bêd, 7.00 oere klear sitte yn de Korenbeurs om dernei oant 19,30 oere op de tribune te sitten en….. It is de generaasje wêr ’t it adfys “goed drinken” op in hite net yn te slaan is.

Ut hokker laach fan de befolking jo ek komme, at je no dokter of notaris, skuonmakker as leadjitter, jong as âld binne, de PC is foar eltsenien. Efkes gjin rangen en stannen, jo fersteane it keatsten of jo fersteane it net. Dat hat neat te krijen mei wat foar maatskiplik nivo dan ek. Elts docht de wave foar de finale en dy nuvere klapperij, mar it is moai. Je kin je ôffreegje, heart dit by it keatsen, fansels, wêrom net, it is feest. At de muzyk fanôf de Foarstrjitte it Sjûkelân berikt is dat wol wat ferfelend, mar dat duorret gelokkich mar hiel koart. De Harmonie is pas yn de finale goed op it fjild en de tribunes te hearren, dat is wat spitich, mar jout neat, oare jier better, de dei wie uzes.

Nei de bekindwurding fan de kening giet elts syn wei. Guon moatte noch in hiel ein reizgje, oaren geane it feest yn, en wer oaren hawwe ôfsprutsen mei elkoar noch wat te iten. De âlde man ek, hy is wurch, hat net iens safolle sin yn iten, mar it neisitten is wichtich. Noch efkes de dei oereachje en beprate, ek dat heart derby.

 Yn de auto op de weromreis nei hûs, is it stil. Inkeld is it ferslach fan Gjalt de Jong te hearren oer it skûtsjesilen yn Terherne. At de âlde man einliks leit tinkt: “Dizze 169 ste PC pakke se my net meer ôf”. De âld man”

De dei wie sines.

Anneke vd Akker

Foto’s Klaas Koopmans