Home opgoaier Opgoaier (28) | Meidwaan of winne?

Opgoaier (28) | Meidwaan of winne?

658
0

Sûnt it Keatsmuseum in eksposysje hie oer Olympysk keatsen yn 1928 is it eltsenien yn de plasse slein, leau ik. Keatsen fertsjinnet in Olympyske status. Of oars Wallball wol. In jubileumpartij slagget net iens. ‘Hiel Fryslân’ is Harich en Balk. In pubquiz slagget net iens. Fanwege de muzyk of sa. As je it sels mar leauwe. In toanielfoarstelling foar it jubileum liene wy yn Arum. It bûn wit noch net iens dat Manon Scheepstra by de trije meast súksesfolle keatsers aller tiden heart, mar wol wannear’t Taeke Triemstra in skeet lit. Dêrfan lêze wy al in pear jier dat er besiket nûmer ien wurde wol. It bart noch net, mar wy folgje eltse slach.

Koartsein… Dat wy de boel yn Fryslân net iens foar elkoar krije, makket net út.

Meidwaan is wichtiger as winne.

Efkes it ferhaal. Keatsen wie in demonstraasjesport yn 1928. Kuorbal wie dat ek, mar it keatsen waard der efkes tusken prutst. Dat is hast hûndert jier letter noch sa of wer sa. Wy prutse it keatsen oeral wol in bytsje tusken. Bestjoerders, keatsers, taskôgers. Hawwe wy wat te dwaan? Nee? Hoe is it mei it keatsen?

Werom nei de saak. Dy’t net folle oars wie as no.
Tsientûzenen minsken seagen nei it fuotbal (Uruguay – Argentinië) en mochten fergees nei it keatsen sjen dêrnei. Tûzen minsken bleaune sitten. Dat is no in soad, mar feit bliuwt dat de measte minsken leaver nei hûs giene. In bytsje sa’t de jonge Thomas Dijkstra fan Berltsum no mei it keatsen omgiet: earst fuotbalje en dan mar sjen of der tiid oer is foar keatsen. Fersin jim net. Ik fyn it in grut talint, mar dit is foar it keatsen spitich. Hy wurdt gjin fuotbalprof en sa ek net de keatser dy’t er wêze kin.

Ik wol de bêste keatsers sjen, net allinnich de keatsers dy’t der mear tiid foar hawwe.

Werom nei 1928. Trije Friezen tsjin trije leden fan ôfdielings om utens. It publyk krige in papier mei spulregels. Nei in reinbui wiene ek de measte fan de oerbleaune tûzen taskôgers nei hûs. De Friezen leauden it ek wol en stapten dêrom as ferliezers fan it fjild. De ferslachjouwer fan Het Vaderland koe der net by: “Wij gelooven niet dat er werkelijk propaganda uitgaat van een dergelijk slap optreden.”

Werom nei de saak. Dy’t net folle oars wie as no.

Op de Jouwer spruts it keatsbûn fan in geweldige promoasje: “Vooral 1928 was, door de Olympische Spelen, wat de kampioensgedachte betreft, een zeer bijzonder jaar geworden.” Net dat op dy tsiende juny yn 1928 immen wûn wie foar de sport, mar dochs… Lacrosse wie ek gjin folkssport, dus it koe net oan it keatsen lizze. De korrespondent kaam wol ta de konklúzje, dat it keatsen mear syn bêst dwaan moat as it wer kâns meitsje wol. Dat is al hûndert jier net slagge.

En ik leau, dat it ek no net slagje sil.

Ik tocht dat de Ald Meierspartij yn Hitsum in bolwurk wie fan leafhawwers en dat wie ek sa. Ik haw der, oars as troch oermacht, nea ien mist. Ek dêr is it harren yn de plasse slein. Dat kin net yn Hitsum bard wêze, want dy minsken binne tefolle leafhawwer. Der moat wat oars oan de hân wêze. In moaie optocht mei findels. Moai programma. Moai keatsen. Moaie priis. Moai inisjatyf. Der wie neat oan de hân dêr. Dochs moat it oars. Je kinne begjinne by de haadklasse yn Frjentsjer. De Lytse PC yn Mantgum. Oeral wol, mar net yn Hitsum.

Mar dêr bart it wol.

Der meie mear partoeren per ôfdieling meidwaan. Hoera! Ik lis it ien kear út. Dat moat genôch wêze. As je ien partoer stjoere, dan nim ik oan dat je de trije sterkste keatsers stjoere. Stjoere je mear partoeren, dan stjoere je keatsers dy’t minder goed binne as dy earste trije. Wat der per saldo bart, is dat it dielnimmersfjild gemiddeld minder wurdt en dat it nivo fan de partijen minder wurdt, omdat it ûnderlinge ferskil tusken de partoeren grutter wurdt.

Wa wol dat?

It bûn?

Alders mei in bern yn in twadde, tredde of fjirde partoer?

It publyk?

Giet it om meidwaan en kânsleas wêze? Of giet it om winnen?

Giet it om better wurde? Of giet it om wat trochgriemen?

Leit it oan de opjefte? Oan de tiid?

Oan de publisiteit?

Hoelang bliuwt it keatsbûn de skuld oan de omstannichheden jaan?

Jacob Stelwagen