Home opgoaier Opgoaier (27) | Doch it dan goed

Opgoaier (27) | Doch it dan goed

680
0

Net alles wat je op in keatsfjild hearre, is wier. Dus as ik liich, dan liich ik yn kommisje. It keatsbûn wol ôf fan dy gekke nammen as Bondspartij en Jong Nederland. Op de offisjele listen stiet it net mear. Allinnich it Keatsmuseum docht noch of it in doarpke yn Gallië is, dat dapper wjerstân jout.. Oanpakke sokke minsken. Mei jim Bondspartij. En Jong Nederland. Fossilen. Soks moat wêze… (Speedbooks) NK Senioren Heren Hoofdklasse Afdeling. En (Juwelier Kramer) NK Junioren Afdeling.

Nee hear. Fansels hat it museum gelyk.

Net ien, net ien, net ien seit soks. Wy sizze allegear Bûnspartij en Jong Nederlân. Sa stiet it yn de Keats! (dy’t troch minsken trouwens noch konsekwint Wis IN! neamd wurdt), sa seit direkteur Marco Hoekstra it yn syn taspraak nei it Juwelier Kramer NK Junioren. Allinnich de mantsjes fan de website fan de KNKB hâlde fol, dat it giet om NK’s mei sponsornammen. Mei op syn minst ien staveringsflater per ôfdieling. De direkteur neamde de mantsjes by de frijwilligers. Dat wie best grappich. Sy steane gewoan op de begrutting en net foar te min.

Ik hoopje, dat sy thús sa net prate. Ik tink fan wol.

It bûn hat in reputaasje as it giet om it om sjippe helpen fan tradysje en skiednis en neamt dat dan foarútgong. Of mei de tiid meigean. En der binne altyd wol wat gekkies dy’t der yn meigean wolle foar in pear sinten. Oerdriuwe is lykwols ek in fak. It bûnskantoar nei it Hearrenfean. De Bûnspartij nei in pear fuotbalfjilden bringe. Fan de Jong Nederland in rûnreizgjend sirkus meitsje. Skean opslaan, mar allinnich as der net mear twa perken lizze. De FBO Cup. Op de bal slaan is net mear echt slaan, mar letter wol wer. In ferliezers… Sorry, herkansingsronde op de haadklasse foar froulju.

Wat is der eins fan oer? Krekt.

Doch it dan goed.

“By it Apple Iphone NK Junioren Afdeling telden wy mear filmbylden as boppeslaggen. Mark Minnesma wûn de partij mei seis selfies.”

“It wie wat in wiet gegriem by it Easytoys NK Dames Hoofdklasse Afdeling, mar oan de ein wie de ûntlading der net minder om.”

“It gie hurd om hurd by it Viagra NK Heren 50+ Afdeling.”

“By it Raadsma IJzerhandel NK Heren Hoofdklasse Senioren Afdeling kaam Bitgum al gau de man mei de hammer tsjin. Twa keatsers rekken dêrby ferwûne.”

Bêste Coos!

Do bist noch net sa lang foarsitter en ik wit dat net alles fan hjoed op moarn kin. Ik haw heard datst in hiel freonlike man bist. Miskien wol wat te freonlik foar dizze funksje. Do hast mear ferstân fan keatsen as ik (hoopje ik). Do witst ek (hoopje ik) dat de feriening yn Hommerts net wurden is wat dy is troch dizze ûngein. Dat koe troch leafde foar de sport en respekt foar de skiednis en de tradysje.

Skodzje dat bûn troch elkoar. En benammen de minsken.

Benammen de minsken. Skodzje harren hurd troch elkoar.

Romje op. Begjin op nul. Doch watsto tinkst dat goed is.

It bûn hat net 125 jier bestien hjirtroch.

It bûn bestiet sa net nochris 125 jier.

Do hast ek sjoen dat der amper publyk wie by de Jong Nederland. En dat der mar in stik as trije partijen wiene wêrby’t de ferliezers mear as trije earsten helle. Dat de direkteur de winners seis kear roppe moast en dat dy doe noch net kamen. Dy moasten helle wurde. Net ien harket noch nei it bûn. En earlik? Omdat der net safolle sinnichs útkomt.

Net fan dat benaude Coos, der falt net mear safolle te ferliezen.

En hiel folle tiid hast ek net.

Jacob Stelwagen

Vorig artikelNK Jongens 2022: De Loting
Volgend artikelWie kaatst met wie in de tweede cyclus?