Home Columns Opgoaier (23) | Bizar

Opgoaier (23) | Bizar

443
0

Mei de ranking haw ik my nea dwaande hâlden. Gjin reden foar en ek gjin nocht yn. It wie ea in eksperimint fan it keatsbûn. Dat eksperimint wie ynienen definityf (hoe dat koe, wit ik noch altyd net) en om earlik te wêzen… Ik seach der nea echt nei. Ik hie der neat mei, mar ek neat op tsjin. Oant dizze wike. Ommers… Der is ús as folgers tasein, dat grutte skommelingen eins net mear mooglik binne. Ik leau soks, want as de KNKB dat seit… Wêrom soe ik dan wat oars tinke?

Dat wie dom fan my.

Om te sjen hoe it sit mei dy ranking, twa frije formaasjewedstriden foar de PC, besocht ik myn eigen ranking te meitsjen. Ik naam it resultaat fan seis wedstriden yn stee fan acht, telde dêr de ûnbegryplike startpunten foar de kommende twa wedstriden by op en sa soe ik dan it útgongspunt foar kommend wykein hawwe.

Nei tsien minuten rekkenjen hie ik it swit op it gebit. En wie ik ferbjustere.


It partoer fan Menno van Zwieten is ien fan de trije partoeren dy’t dit seizoen in haadklassewedstriid wûnen. Yn de KNKB-ranking stiet it partoer op nûmer sân, mar dat is teory. De punten foar de winst yn Sint Jabik reitsje sy kwyt. En dan binne der ynienen 14 partoeren dy’t oan it begjn fan kommend wykein likefolle punten of sels mear punten hawwe as Van Zwieten en dy. Mei help fan startpunten komme sy der noch krekt wat better foarwei as guon oaren. Kwesty fan de auto nei it goeie fjild stjoere. Dat is gjin sportprestaasje, mar neffens de KNKB wol fjirtich punten wurdich.

Bizar.

Enno Kingma keatst al in pear wiken sûnder fêste maten. Dy binne stikken (Sjoerd de Jong) en hiel bot stikken (Pieter Jan Plat). Sjoerd hat lykwols in gatsje yn it Grutte Keatsreglemint fûn en strykt op dy wize alle kearen wol startpunten op, sûnder dat er dêrfoar in bal hoecht te slaan. Omklaaie, de earste slach ôfwachtsje, hiel lûd “au” roppe, de klearsteande ferfanger regelje en wer omklaaie. It klinkt wat kolderyk, mar dat is eksakt hoe it giet. En sa is it mooglik, dat in keatser mei twa ynfallers op de PC stiet. Ien ynfaller kin ek. Of dy it ferskil wit tusken in strânbal en in keatsbal makket net út; allinnich de twa bêste keatsers yn in partoer fertsjinje punten. Sa soe sels ik op de PC stean meie en dat wol net ien, op mysels nei. Moatte sy mar bettere regels opstelle.

Bizar.

Johan Diertens wie net op de earste klaspartij yn Bitgum, helle dêr dus gjin punten en bleau op de earste klas stean. Op de haadklasse is de kâns op ferlies yn de earste omloop krekt wat te grut, dus wêrom soene je der dan stean wolle? Omdat it fan de ranking moat? Bykommend foardiel fan wat der no bart… Bitgum telt net mei foar de PC. Diertens is der mei dêrom op de PC sa goed as wis wol by. Troch net nei Bitgum te gean en lekker op de earste klas te bliuwen. Kwesty fan rekkenjen.

Tafal of tûk? Ik haw gjin idee.

In kast fan IKEA is simpeler makkke as dit.



Boppeoan yn de ranking stiet it partoer fan Marten Bergsma. Dêrûnder it partoer fan Gert-Anne van der Bos. Foar de helderheid… It makket my net út, mar neffens my is keatsen de iennichste sport wêrby’t it team dat trije fan de trettjin kear wint heger stean kin as it team dat njoggen kear wint. In partoer kin in syklus lang hearskje oer alle fjilden, mar as it in wykein net rint yn de syklus dêrnei binne de rekkenmasters dat alwer fergetten.

Bizar.

In kast fan IKEA is simpeler makkke as dit. Je hâlde by de ranking altyd mear as ien skroefke oer. Sa seach ik oer de holle, dat yn it partoer fan Patrick van Dellen, Jelle Cnossen en Klaas Pier Folkertsma dy lêste twa de measte punten hawwe. Punt is, dat op basis fan de lêste seis wedstriden Jelle net de twadde mar de tredde keatser fan it partoer is. Snap ik. No moat ik der noch rekken mei hâlde, dat Jelle der sneon net is, mar dat Klaas Pier blesseard is en ik dus gjin idee haw of der wol twa rankingkeatsers út dat partoer op it fjild steane sneon. En foar hoe lang.

Lekker dan.

In oantal twadde klassers kin raar omheech sjitte yn de ranking. Net perfoarst omdat sy sa goed binne, mar omdat se meidwaan meie oan in earste klaswedstriid. Hoppa! Kâns op ekstra punten. As je as twadde klasser in bytsje lekker yn de list sitte, hawwe je samar wat punten by elkoar. Mear as de tachtich dy’t je oars fertsjinje kinne. Oarsom… As je as earste klasser in hânfol goeie net-ranking-keatsers treffe, kinne je de PC ek samar fersmite. Tsjin keatsers dy’t eins ‘buiten mededinging’ meidogge. Steane je it hiele jier te baljen op de earste klasse en giet it mis tsjin keatsers dy’t foar de lol in kear meidogge.

Bizar.

Is dat it slimste? Mwah. Ik kin sa noch fiif saken betinke wêrfan ik tink, dat it keatsbûn der net echt oer neitocht hat. Mar dy en dizze saken besteane al jierren. Der is faker as ien kear foar warskôge troch minsken dy’t mear as in bytsje doel oer keatsen hawwe, mar der is nea echt harke en der is al hielendal neat mei dien. Winne yn Minnertsgea? Telt net! Mei alles oan’e hang derôf tsjin it partoer Van der Bos of mei skjinne telegraaf derôf tsjin (mei alle respekt) Johannes van der Veen. No points! It systeem telt allinnich it einresultaat en net de sportive prestaasje. De ranking is in doel wurden en hat noait in middel west. De fraach hokker earder besteand probleem no ynienen oplost is, kin net ien beantwurdzje.

Bizar.

Foar krekt wat tefolle keatsers giet it kommend wykein net allinnich oer goed keatsen en konstante prestaasjes. Foar guon wurdt it ien grutte lotterij en in bulte rekkengedoch. Foar publyk dat witte wol wat de gefolgen binne fan wat der op it fjild bart, is dit al hielendal net te folgjen. Taskôgers hawwe gjin idee wêrnei se krekt sjogge. Dy hearre pas oeren nei de wedstryd, as se al thús binne, wat it einresultaat eins is fan datjinge wêr’t se oeren nei sieten te sjen.

En dat is miskien noch wol it meast bizar.

Jacob Stelwagen