Home laatste nieuws Opgoaier (26) | Altyd by ús

Opgoaier (26) | Altyd by ús

622
0

Ut de gek wei haw ik wolris sein, dat de earste keatswedstriden fan it jier benammen in kwesty binne fan… Wa is der noch? Wa is ôfheakke? Wa libbet noch? Wa net mear? Net, omdat it keatsen allinnich mar in saak is fan âlde manlju en froulju. It libben sjocht net altyd nei âld of nei jong. It is net altyd earlik. It is hiel faak net earlik.

Allinnich de lêste jierren al tocht ik geregeld… Nee! Nee! Nee!

Dit is fansels gjin folslein listje. Joop van der Veen. Frans Poppes. Janny van der Meer. Thomas Bouma. Rinze Bruinsma. August Boostma. It soe ek wol in bytsje gek wêze om ‘ja’ te tinken fansels. It giet my derom, dat wy allegear sa mei elkoar ferbûn binne, dat it famylje wurden is. Wy kinne net ien misse, mar alle kearen bart it wer.

En sille wy der mei ús allen mei rêde.

Sikke Sikkema wie postrinner en PC-winner fan 1969. Ik wist earlik sein net iens goed, wa’t Sikke wie. Ik tink, dat ik wol Sikke sizze mocht. Hy socht my altyd op as ik by it keatsen yn Frjentsjer wie. Hy harke nei my op de radio en dêr spruts er graach oer. Dat is net altyd fraai, want dan wurde je wer konfronteard mei fan alles dat je wol sein hawwe, mar al lang wer fergetten binne. Ik fûn syn ferhalen oer keatsen in stik boeiender. Oan de iene kant wie er beskieden oer syn keatskarjêre, mar hy wie der likegoed grutsk op. Oer de winst yn 1969. Of oer it ferlies yn 1972. Doe gie it yn de finale mei alles oan’e hang krekt mis. Moaie man. Altyd kreas. Ik fertocht him derfan, dat er altyd in kamke yn de bûse hie.

Koe ik him as de bêste? Nee.
Bliuwt Sikke Sikkema my by? Jawis!

En dan Willem Tuinman. Winner Bond foar Skoaljongens yn 1980. Freulewinner 1983. Winner Jong Nederland 1985 en 1986. Ien heale finale op de PC. In grut talint, sizze de minsken dy’t him as keatser seagen. By dy minsken hear ik net. Ik skriuw wolris in kollum. Dêryn neamde ik him Willem Túnstoel. Ik tocht, dat dat syn offisjele bynamme wie. Dat wie hielendal net sa. It wie myn wize om in namme te ûnthâlden, want dat is net myn sterkste punt. Hy hjittte fan Tuinman en hie in Túnstoel. Dat like my in maklik ezelsbregje. Ik skamme my der sels in bytsje foar, mar letter hearde ik dat Willem dat geweldich fûn.

Gelokkich mar.

We troffen elkoar geregeld. Fanwege myn foarleafde foar de earste klas en, earlik is earlik, syn soannen Jan Sipke en Bouke Willem dêr meastentiids wiene. En dus wie Willem Túnstoel der ek. Altyd eins, yn myn werynnering. Yn Berltsum kaam ik him jierren lyn as ien fan de earsten tsjin op it fjild.

“Wat fynsto der no fan, Jacob?” frege er.

It gie oer wanten. Myn antwurd is net sa relevant mear, mar it jout mar oan dat er net allinnich belutsen wie by it keatsen fan syn soannen, mar ek by de sport yn it algemien. Willem koe eltsenien en eltsenien koe Willem. Moandei 29 novimber 2021 ferstoar Willem. Gie it sa min mei him? Nee, net iens. Ik skrok derfan. Haw sels in bytsje flokt.

Wer in leafhawwer minder.
Nee!
Wer ien te jong by ús wei.
Wer.

Wy sille der mei ús allen mei rêde.

En sy bliuwe ús altyd by.

Wy sille harren altyd sykje op it fjild.
Net fine.
Mar wy sykje salang’t wy kinne.

Jacob Stelwagen