Home laatste nieuws Opgoaier (24) | Bingo

Opgoaier (24) | Bingo

387
0

Deze tekst is uitgesproken in PC Kafee, op 27 juli 2019.

Gjin idee wat ik hjir doch. It kafee wol hear; ik haw yn Grins studeard en mear kroegen as klaslokalen sjoen… Ik bedoel it keatsen. Ik bin berne op Flylân. Wy dielden mei it hiele eilân ien fuotbal fan in gûne en dat wie it wol. In lytse warskôging… Johannes fynt trouwens alles wat ik sis dom praat op de boppe. Prima. Johannes fynt alles wat eltsenien seit dom praat op de boppe; sels as se net op de boppe steane. Hoewol… De lêste tiid binne wy it gauris iens en dat fine wy beide soarchlik.

“WAT WITTE JO NO FAN KEATSEN?”

Anekdoates haw ik ek net echt. Ientsje en dy is frijwat resint.

Lyts OKK. Keatse foar skoalbern yn Bitgum. Johannes Westra, fjouwer klaverbledsjes, sit op de line sjocht de bal foar. In jonkje fan tsien net. En it jonkje seit: “Wat witte jo no fan keatsen?” Goed ferhaal en wier bard. Ik wie der sels net iens by, mar ik jat anekdoates fan oare minsken want dan liket it of ik ek wat meimeitsje yn it keatsen.

Ien sin moatte jim efkes ûnthâlde, want dy komt werom.

Dat is keatsen.

Ik bedarre fan Flylân fia in omwei yn Bitgum. Dêr kinne je net om keatsen hinne en dat wie in probleem. Ik wist fan neat en koe neat. Ik haw it ien kear besocht en ik moat yn alle beskiedenheid sizze… Ik wie in baas balkearder. Alles hâlde ik tsjin. En as ik alles sis, bedoel ik álles. Meast sûnder stuit. Ek as de bal troch in maat slein wie. En mei de holle en folslein per ûngelok… Ik wie al kopkeatser foar it wurd útfûn wie. Doe koe it net, mar mei de rankingregels fan no mei ik op de PC keatse.

Dat is keatsen.

Ik moast ynboargerje, sûnder kursus. Jierrenlang omgriemd mei steande nûmers. Snapte ik net. Dat je in ronde winne kinne mei it iten fan in stikje bôle en it drinken fan in Fristi. Ik wie fuotbal wend. As je kampioen wiene en der stie neat mear op it spul, dan goaiden je de hiele bende troch elkoar. Dan stie de spits yn it doel en de keeper linksback. Omdat it dochs nergens oer gie, koene je alles op in bult smite, der dan wer wat útplukke en dat wer by elkoar sette. Foar de lol kin it in kear. Die bliken dat soks yn keatsen troch mekoar lotsjen hjit en dat je dêr neat fan sizze meie. No ja. It mei wol, mar der is altyd wol immen dy’t je dan de kofje út’e hannen slacht. Wist ik veel. Wêrom it sa giet? Logyske fraach.

Dat is keatsen.

Mei Sake Porte is der in oare net kroande kening fan it Sjûkelân as Johannes oanwêzich. Les twa. Yn guon gefallen leit de keatser dy’t gjin kening is better yn it ûnthâld as de keatser dy’t dat wol is. Ik haw net folle fan Sake sjoen, mar syn status ken ik. Eltsenien wie fan. Alde wiven koenen mei rollator sûnder rollator oer de boarding springe as er wûn hie: “Ik moat nei myn Sake.” Dát wit ik wol, mar fan syn PC’s amper wat.

O, ja… De PC…

Ea oprjochte omdat it min gie mei it keatsen. Dat wie yn 1853. As je ferslaggen fan tachtich jier letter lêze, gie it noch hieltyd min mei it keatsen. Mar net mei de PC. Ik hear it no wer. It giet min mei it keatsen. Altyd siik, mar noait dea. Dat is keatsen. It jildt ek foar guon minsken. Dy wurde it âldst fan allegear.

JAN BINGO


Dat it min giet, wit ik fan Jan Braaksma. Ik lês Kweapraat. As iennichste. Jan is de Privé èn de Story fan it keatsen. Eltsenien seit dat er him net lêst en eltsenien wit presys wat er skriuwt. Bysûnder. Ik tink dat er útprinte fersy’s fan Kweapraat by alle kappers yn de buurt leit. Oars kin ik it net ferklearje.

“Hast Jan lêzen?”
“Ja, krekt. By de kapper.”

Ik haw der wolris oan tocht om in Jan Braaksma Bingo te organisearjen. It is dochs sykjen nei nije foarmen fan ferdivedaasje.

Yn it rychje bûtenslaggen. 17. 32. 19. 22.

Bingo

Ik soe sizze… Lit dochs gean, Jan. Mei ienlingen rint it nea gesellich ôf. Foar je witte geane je troch it keatslibben as Jan Bingo. Sa is keatsen dan ek wol wer.

In KNKB-Triviant kin ek, mar dêr wie it oantal antwurden wat beheind.

Wit ik net. Kin ik net. Mei ik net sizze. Sa dogge we dat al jierren. Komme wy op werom.

Dat is ek keatsen blykber.

It is de sin dy’t ik al jierren hear en lês. Altyd handich as je it efkes net mear witte. Meastentiids heart der in soartefan net útsprutsen bytsje zuchtend ‘tsja’ foar. Of: ‘want ja…’ De sin ‘dat is keatsen’ betsjut net letterlik ‘dat is keatsen’. It is mear…

Tsja… Dat is keatsen.
Want ja… Dat is keatsen.

It is de sin dy’t alles logysk meitsje moat.

Folslein ûnbegryplike ranking. Startpunten krije omdat je op tiid op it goeie fjild binne; krekt of is dat in sportive prestaasje.

Dat is keatsen.

Fjirtich jier keatse mei te swiere wanten of wanten wêr op ien of oare wize mei omknoeid is en dan in mail stjoere mei de tekst: fan no ôf sille we hanthavenje.

Dat is keatsen.

En dan gjin middel hawwe om dat te dwaan.

Dat is keatsen.

Myn persoanlik PC-monint? Dat hat neat of alles mei keatsen te krijen. Krekt wat je der yn sjen wolle.

Om acht oere moarns begjint de foarsitter oan syn taspraak yn de Koornbeurs. Dêr bin ik dan nét. Dan bin ik al op it fjild. Dat is leech. En dan komt Karel Nijman. En Durk Gjaltema. En oare minsken dy’t ik graach sjoch. En de keatsers fan de earste fjouwer partoeren om yn te slaan. Dan drinke we kofje en sizze net safolle. Miskien dat it in moaie dei is, want dat is it altyd.

Fierder sizze wy neat. Miskien wa’t der wint.

Dan hawwe wy gelyk of net. En as wy gelyk hawwe, wolle wy dat de rest fan it jier witte. En as it net sa is, is it ek prima.

No sa, oant in oare kear.

Jacob Stelwagen

Vorig artikelScheurtje in enkelband bij Melissa Rianne Hiemstra
Volgend artikelDe zondag die alles en niets zegt