Home Columns Opgoaier (22) | Postkoade

Opgoaier (22) | Postkoade

294
0

It duorre efkes, mar ik sit der wer hielendal yn. Weidum wie my te kâld, ik fyn de kibbeling dêr te djoer en fierder hie ik grif noch mear net-rasjonele arguminten om net te kommen. It wiene meagere jierren. Foar my dan en net iens fysyk. De kop wurdt dik genôch. Durk Gjaltema neamt my al “Billie”. Dat is it moaiste oan keatsen. Twa minuten mei Durk prate en ik wit wer efkes hoe’t it mei my giet.

Nuver is it… Binnen in pear dagen binne je wer hielendal by. Dat is net altyd leuk. Keatsen is betiden krekt Goede Tijden, Slechte Tijden. Je sjogge der in jier net nei om, mar yn in dei witte je wer hoe en wat. Somtiden feroarje der wat nammen, mar de diskusjes geane oer itselde. Nivo. Ranking. Postkoades. Ferline jier gie it oer de fraach wêr’t Ilse Tuinenga keatse moast. No giet it oer de fraach wêr’t Manon Scheepstra keatse moat. Mar it keatsen soe it keatsen net wêze as it net yngewikkelder koe as nedich. Daniël Iseger hat keatst foar Huzum en de diskusje giet oer Manon Scheepstra.

Dat is knap. En it sjit net op, mar ik begryp eltsenien wol.

De KNKB wol him der net oan baarne. Dy wol him nearne oan baarne. Al jierren net. Litte wy freonen bliuwe, dy’t mekoar fertelle dat it glês healfol is. Litte wy mekoar fertelle, dat wy it geweldich dogge. Dan is der yn alle gefallen in selekt selskip dat fynt, dat wy it geweldich dogge. Dan komt alles goed. En Manon? Manon wol in fjirde wimpel en dy kâns is yn Huzum grutter as yn Goutum. Wa kin har dat ferwite? As ik keatse koe, en in frou wie, woe ik ek fjouwer wimpels. Mar ik bin gjin frou. En ik kin net keatse. En de kâns, dat ik in frou wurd, is sels noch grutter as dat ik lear hoe’t ik sels keatse moat.

Alle kanten begripe, wol net sizze dat ik alles snap.

De oplossing is nochal simpel. Ik haw it de kening frege en dy sei soks as…

“Wij Willem-Alexander, bij de gratie Gods, Koning der Nederlanden, Prins van Oranje-Nassau, enz. enz. enz.”

En doe kaam it derop del, dat ik mar op ien adres ynskreaun wurde kin. Ik kin in postadres betinke om wat simpel tinkende organisaasjes (ful de nammen sels mar yn) te mislieden. Ik kin der fan alles fan meitsje, mar eintsjebeslut stean ik ynskreaun op ien adres. Yn myn gefal is dat Bitgum. Oars rinne earne de systemen fêst. As it de Belastingdienst net is, dan is it wol in oare organisaasje mei noch mear papier as minsken. Simpel tinkende organisaasjes dy’t alles dreech fine (ful de nammen sels mar yn), hoege allinne in ôfskrift út de Gemeentelijke Basisadministratie te freegjen. Dat seit wêrst wennest. Wêrst belesting betellest. En yn prinsipe dus ek wêrst keatse moatst. Joust gjin antwurd? Prima. Dan keatst gjin ôfdieling. In mail stjoere en gjin antwurd easkje, is yn alle gefallen gjin geweldige oplossing. Dat is der ien yn de kategory…

“Kloppet it, dat jo mei njoggentich kilometer yn it oere troch de beboude kom rieden.”
“Dêr antwurdzje ik no net op.”
“Ok. Dan hearre wy it letter wol. Goeie reis fierder!”

It is eltsenien slagge om fan in simpel fraachstik in hiele sjoo te meitsjen. In kombinaasje fan Ik Vertrek en de Postcodeloterij.

“Wy wolle ris wat oars. Suderbuorren. Hiel oare wrâld. Leuke minsken. Ensafuorthinne. Mar guon ynstânsjes… Dy begripe we net. We tochten dat it yn oarder wie… Mar it is krekt of sprekke se in oare taal. No hawwwe se wer in regel mei postkoades en we krigen in mail… No ja, dy haw ik net beantwurde. Nea wer wat fan heard. It dak lekt somtiden ek trouwens. En juster stie Gaston fan de Postcodeloterij foar de doar. Dy sei, dat ik €25.000 wûn hie. Moast ik wer útlizze, dat ik hielendal net wenje wêr ik wenje. Gek wurde je derfan.”

Je nimme ôfskied fan de buorlju, je begroetsje de nije buorlju en ferdomd… In pear moannen letter sitte je op papier wer yn Huzum. Omdat it better útkomt kwa keatsen? Omdat je nea echt útskreaun binne? Ondat je der gewoan noch wenje? Om watfoar reden dan ek. Ik wit it wier net, want ik wie der net by. As it net mei, dan mei it net. Dan kin en moat it hjir en no ophâlde. Ik wit allinnich net of hjir yts bart, dat net mei. As it neffens de regels wòl mei, kinne wy ophâlde mei eameljen. Dan is der net goed genôch neitocht oer de regels. As de KNKB hjir net útkomt, past krityk op de keatsers net. Dy brûke de regels sa’t sy dy brûke kinne. Dat hat nea oars west. No en eartiids. En yn de takomst nei alle gedachten ek. Of it oer wanten, kweapeallen of wat oars giet… As sy fan in ûndúdlikheid in foardiel meitsje kinne, sille sy it net litte.

It liket wol topsport.

Is der neat aardichs te melden? Jawol hear. Betiden moai keatsen sjoen by de junioaren, mei in soad dielnimmers ek. In meunstereftich goeie Tjisse Steenstra sjoen yn Stiens. Ferskriklik lake yn Sint Jabik. Besocht Johannes Brandsma en Durk Gjaltema út te lizzen wat in podcast is en dat it miskien in aardich idee is om der ien te meitsjen.

Johannes: “Wat is dat?”
Ik: “In radioprogramma op ynternet.”
Durk: “Dat kin ik toch net fine.”
Ik: “Hoechst allinne mar dom te lullen.”
Durk: “Dat kin ik wol.”
Johannes: “Do setst noch op Facebook dat ik gjin kofje krigen haw.”
Ik: “Ja, dat is wier.”

Hast fergetten. Johannes krige gjin kofje yn Sint Jabik. Hy is noch net sa lang lyn ferhûze. Ferkearde postkoade trochjûn, tink ik.

Kloat.

Jacob Stelwagen

Vorig artikelStrafcommissie: Nog geen uitspraak tegen Iseger
Volgend artikelMenaam maakt zich op voor Kaatsdagen