Guon saken tinke je yn it foar al wol te witten. It reint altyd by de Bangmapartij yn Weidum. Of it is op syn minst sa kâld, dat je moarns foardat je fuortgeane kieze moatte tusken reinpak of skipak. Je witte de lêste jierren ek, dat Chris Wassenaar wint of dat de kâns dat dat bart yn alle gefallen hiel grut is.

Wat dat oanbelanget, bruts Weidum op de earste echte keatsdei fan 2016 mei moai wat tradysjes. Neat mis mei. Droech waar en safolle sinne op’e kop dat deis dêrnei de streep fan de sinnebril op de noas stie. En Chris Wassenaar wûn net. It wie him gund, dêr net fan, mar it is werris wat oars.

It keatsen? Earlik? Ik haw parten mist. Dat leit net perfoarst oan de keatsers, wol oan it feit dat it de earste wedstriid fan it jier is. Dat hat somtiden dochs mear fan in reüny as fan wat oars. Efkes sjen wa’t de winter wer oerlibbe hat en hoe. Oer it generaal poerbêst, al moasten wy wol in kear as trije sjen foardat wy de nije fersy fan Heleen Bruinsma weromkenden. Foar de helderheid… Dat is in komplimint.

O ja, it keatsen. De heale finales hie ik mear fan ferwachte, benammen fan dy tusken Huzum en Bitgum. Seis keatsers, wêrfan fiif alris de PC wûnen. Ien dus net en dat wie Tjisse Steenstra fan Bitgummole. Dochs aardich om him dat flak foar dy heale finale efkes te melden.

“Ik? De iennichste sûnder PC-winst hjir yn’e greide?”
“Ja, do.”
“Kin my neat skele. Dat komt noch wol.”

Wy mochten op syn feestje komme, sei er.

“Wy kinne dit jier wol, Tjisse.”
“Prima!”

Tomme omheech en dêr gie er. En wûn. In bytsje bravoer, ik hâld der wol fan. No hie dy winst der foar in grut part mei te krijen, dat Johan van der Meulen foarynse Erik Seerden de ballen links en rjochts om’e earen sloech, mar dêr giet it no efkes net om. Bitgum wûn dy heale finale en de finale tsjin Minnertsgea ek.

Gefolch wie, dat Cornelis Terpstra by wer in rentree (“ik haw gewoan wat langer skoft hân as de oaren,” seit er sels) fuortendalik wer in krânse pakte. Dêr makket er stadichoan in gewoante fan. Weromkomme en fuortendalik mei de earste priis nei hûs. Spitich foar him, dat er dêrnei alle minsken te wurd stean moast dy’t him in jier lang deaswijd of foar fan alles en noch wat útmakke en fan fan alles en noch wat beskuldige hawwe. Als je wint…

Sjoernalisten foarop. Ik fûn it knap, dat er sa fatsoenlik bleau. It wie my nei alle gedachten net slagge. Sportsjoernalisten hawwe nammentlik de neiging om nea in fraach te stellen. Sy droppe in stelling (better: harren eigen miening) en dêr meie je dan as sporter op reagearje. It komt op itselde del as: “Ach juh, lul mar wat.” By Cornelis wurket dat net hiel goed, al komt der ek gjin ferkeard wurd út. Diskear gie it by de lokale omrop sa’n bytsje sa.

Cornelis Terpstra , Opgoaier

“Mei dyn eigen want.”
“Ja.”
“It is in blauwe.”
“Ja. In blauwe.”
“En goedkard.”
“Sa is it.”

En sa is it ek. In blauwe. Goedkard. Krekt as alle oare wanten dêr’t er ea mei yn it fjild stie. Noch echte fragen? Nee? Genôch dêroer dan, foarearst. Dankewol.

Tongersdei Tsjummearum. Keatse, bliksem!

 

Jacob Stelwagen

auteur avatar
Jacob Stelwagen
Jacob Stelwagen (1976) werd geboren op Vlieland. Daar had nog nooit iemand een kaatsbal gezien. Pas na zijn twintigste begon hij zich in de kaatssport te interesseren om er nooit meer van los te komen. Op kaatsnieuws.com schrijft hij columns over wat hem boeit, raakt en soms ergert.

Cookie voorkeuren

Andere

Andere niet-gecategoriseerde cookies zijn cookies die worden geanalyseerd en nog niet in een categorie zijn ingedeeld.

Noodzakelijk

Noodzakelijk
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. These cookies ensure basic functionalities and security features of the website, anonymously.

Advertering

Advertentie cookies worden gebruikt om bezoekers relevante advertenties en marketingcampagnes te tonen. Deze cookies volgen bezoekers op verschillende sites en verzamelen informatie om gepersonaliseerde advertenties te tonen.

Analyse

Analytical cookies are used to understand how visitors interact with the website. These cookies help provide information on metrics the number of visitors, bounce rate, traffic source, etc.

Functioneel

Functional cookies help to perform certain functionalities like sharing the content of the website on social media platforms, collect feedbacks, and other third-party features.

Prestatie

Prestatiecookies worden gebruikt om de sleutelprestatie-indexen van de site te begrijpen en te analyseren, wat helpt om bezoekers een betere gebruikerservaring te bieden.