Opgoaier (5) | Hup, Ids!

Ids, Ids hellinga

No holp it diskear ek net echt, dat de ynskriuwing foar de partijen yn Berltsum en Broeksterwâld net earder as op sneintejûn acht oere iepene waard. Tel dêrby op, dat it op moandei allinnich gie oer de Bûnspartij en dan is foar in grut part ferklearre wêrom der sneon gjin keatsen is yn Broeksterwâld. Wêr it hjir om giet, is lykwols de fraach wêrom der fiif kear safolle keatsers steane op it Sjûkelân as yn Berltsum.

Is der in geheim? Net sizze, dat it de oare bal is. Op de Kippetjespartij yn Winsum (wol in hurde bal) stiene ferline jier 217 partoeren. Tikflater, Stelwagen? Nee. Ik sil it werhelje.

Op de Kippetjespartij yn Winsum stiene ferline jier 217 partoeren.

Dêr dan. 217. Der moat dus wat oars wêze en ik tink dat ik wit wat it is. In hânfol idioaten (en dat is yn dizze kontekst in posityf wurd) organisearret in evenemint, omdat it kin en omdat se der wille fan hawwe. Omdat se keatsen moai fine, mar wol op harren eigen wize. Yn dy sin sit in oantal essinsjele wurden. Idioaten (posityf dus), evenemint, wille en eigen. Leafhawwers organisearje wat foar oare leafhawwers en it komt goed. Dat is wat ik sjoch, tenminsten. Leafhawwers witte wat oare leafhawwers wolle. Dat is gjin hegere wiskunde en ek gjin ferwyt oan Berltsum of in oare feriening, mar dwaan kinne wat je moai fine sûnder in soad omhaal of regels . Dreger hoecht it net te wêzen.

Ik beseach de list fan Zachte Bal PC en ûntduts de namme fan Ids Hellinga. Ik hie noch nea fan de man heard, oant it momint dat de PC him oanwiisde as opfolger fan Johannes Westra. Ids hat partoernûmer 11. Dat is it gekkegetal. Ik ken de man fierder net, dus ik nim oan dat soks mear mei it lot as de persoan te krijen hat. Fansels kin it sa wêze, dat Ids keatsen gewoan in moai spultsje fynt. Leau ik wol. Stiekem tink ik ek, dat hjir mear oan de hân is en dat soks te krijen hat mei syn oansteande foarsitterskip.

Johannes Westra

Hoe giet in PC-fergadering? De PC wykt al goed 160 jier net ôf fan tradysjes, dus safolle hawwe dy net te bepraten. Fiif minuten, langer hoecht soks net te duorjen. Hoed? Ja. Koets? Ja. Entrada? Ja. Sechtjin partoeren? Ja. Rûnfraach dan. Dogge wy dit jier giele linen, pearse linen of blauwe linen mei griene stippen? Fervje wy de kweapeal roze, yn brutsen wyt of donkerbrún? Watfoar hoed docht dyn frou op, want se kinne net allegear mei itselde oankomme. Binne we al útferkocht en wêrom eins net? Dat is it wol sa’n bytsje werskynlik, mar ik sit der net by fansels.

Dan giet it dus om de neisit. Hoe’t dat giet? Wit ik net en wol ik ek net witte, want it byld dat ik der no fan haw is grif leuker as de wurklikheid. Johannes Westra fertelt oer syn heldedieden op de Fryske keatsfjilden, syn Klaverke Fjouwer en syn oare súksessen. Net oer syn kânsleaze ferliespartijen, want dy tik hawwe in soad âld-keatsers. Se witte krekt wêr en hoe se prizen wûnen, mar de feechpartijen wêrnei’t se gûlend nei hûs giene, binne se allegear ferjitten.

Dan stelt húsmaster Joop van der Veen in fraach.

“Dy keatskarjêre fan dy, Ids, hoe sit it dêr eins mei?”
“De Freule. Ik haw de Freule keatst. Lang lyn.”
“En?”
“Sneuvele yn de earste omloop.”

De oaren meie net laitsje, dat it petear falt wat stil. Dêr moatte wy dan aanst nei harkje op de Fyfde Woansdei. In hynsteman mei ien omloop op de Freule. Hy sil sels ek fiele, dat it dan lestich praten is tsjin minsken dy’t de PC wol trije kear of mear wûn hawwe. En dus moast der in plan komme. Hoe poetse wy yn sa koart mooglike tiid it keatsblazoen fan ús nije foarsitter op?

It antwurd lei foar de hân: de Zachte Bal PC.

De lokaasje (it Sjûkelân) is ideaal, de organisaasje al fan it earste jier ôf perfekt. De letters PC sitte yn de namme en in PC-winner is en bliuwt in PC-winner. Dan steane je dochs wat oars yn De Koornbeurs op de Fyfde Woansdei. Seis omloopkes tusken neat en ivige rom, al binne dat der fansels wol fiif mear as op dy Freuledei in dikke tritich jier lyn.

Moat kinne, want yn sport kin ommers alles.

Hup, Ids!

Jacob Stelwagen

Geef een reactie