Home Columns Opgoaier (43) | Koarte lontsjes

Opgoaier (43) | Koarte lontsjes

1911
0

It kin oan my lizze, mar ik freegje my hieltyd faker ôf of der immen mei in skjirre op de keatsfjilden omrint. Robert Long skreau ea in ferske mei de titel Hoe Lang Is De Lont? Yn it keatsen freegje ik my somtiden ôf… Hoefolle koarter kin it lontsje noch wurde?

Ik makke juster in flater. Ik skreau in artikel oer de twadde reade kaart dy’t skiedsrjochter Henk van der Zee yn koarte tiid útdielde. Yn dat artikel stiet beskreaun wat de belutsenen deroer te sizzen hiene. So far, so good. Dêrnei makke ik de flater troch op Facebook te freegjen of it wurd ‘mafklapper’ (it wurd dat Patrick Scheepstra brûkt hawwe soe tsjin Henk van der Zee) in giele kaart wurdich wie.

Dom.

Wat ik besocht út te finen… Wêr fine wy dat de grins leit? Sukkel, dombo, idioat, mafklapper, bline of leit dy grins noch fierder? Of hearre dizze wurden überhaupt net op in fjild thús? Keatsen is emoasje wurdt sein. Wy roppe faak dat we mear leven op it fjild wolle, mar wat der dit jier bart, sil dochs net ien bedoeld hawwe?

Wat der dom wie? Net ien beantwurde de fraach of mafklapper in kaart wurdich is?

Wat der wol barde?

Binnen in pear minuten waard Henk van der Zee fileard. Minne skiedsrjochter. Heart net thús op dat nivo. In oanfluiting. Altyd itselde mei dy man. Dy opmerkings kamen fan minsken dy’t der yn Boalsert yn de measte gefallen hielendal net by wiene. Dat seach ik net oankommen, want it wie de fraach net. Dêrom myn oprjochte ekskúses oan Henk van der Zee. De post en de reaksjes binne ferwidere. Dit wie it doel net. Efternei hearde ik ek dat oare keatsers heard hiene dat der wol mear sein wie as ‘mafklapper’. Wurden dy’t se net doarden te werheljen.

In belrûntsje makke. It giet dit jier wol gauris te mâl. Yn Moarre, yn Sint Jabik, yn Boalsert. Skiedsrjochters dy’t yn oare jierren gjin problemen hiene, falt op dat de lontsjes dit jier koarter binne as oars. By keatsers, mar somtiden ek by it publyk. Op it fijld en dêrbûten. As Frou Kaatsnieuws ris wat letter is mei de útslaggen krijt se lilke berjochten. Wêrom it salang duorje moat?  Eh… Omdat it in hobby is en frijwilligerswurk. Der wurdt omraak eamele en skolden. Op de skiedsrjochter, op de KNKB, op ús, op de PC omdat de kaartferkeap net opsmiet wat yn it foar hope wie.

Dy agressive toan motivearret net in frijwilliger. Gjin karmaster. Gjin ferieningsbestjoerder. Gjin inkele frijwilliger. En ek net in skiedsrjochter dy’t foar maksimaal 85 euro in hiele dei op it  fjild stiet. Dat is krekt wat mear as acht euro yn it oere mei it risiko dat je meardere kearen de wyn fan foaren krije. En dat is dan je hobby… Ik foarsis jim dat der nei takom jier op syn minst fjouwer skiedsrjochters mei ophâlde en dit is ien fan de redenen. Ik ken it ferhaal fan in frijwilliger dy’t der gûlend mei ophâlde, omdat se fan in sjoernalist it ferwyt krige dat se te traach wie mei it byfullen fan de kofjekannen.

No binne der ek oaren, dy’t my privee in berjocht stjoerden en dy fûnen dat it yn Boalsert te mâl gong. Dy fine dat de skiedsrjochter baas is en flaters meitsje kin. Dy’t fine dat guon kolleg-keatsers gjin reklame foar de sport binne. En dy’t dat spitich fine, omdat it sa’’n moaie sport is. Dy’t by in ferkeard beslút tinke…

“Omdraaie, folgjende bal.” It kin dus wol.

En dy hie gelyk. Sûnder frijwilligers gjin Kaatsnieuws, gjin PC, gjin karmasters, sûnder skiedsrjochters… Ach, ful sels mar yn of moat ik it dwaan? Sûnder dizze minsken gjin keatsen. In oantal keatsers is temperamentfol, dat wit ik. Dat mei ek. Oant in bepaalde grins en ik tink dat elts wol wit wêr’t dy leit. En it is ek in maatskiplik fenomeen. Facebook is in prachtich platfoarm wêrop immen yn fiif tellen syn gram efkes kwyt kin. Mar in oar kin dagen lêst fan soks hawwe. It liket wol of der hieltyd mear Gordon’s binne dy’t wyld om harren hinne slaan en raze as se ek mar in bytsje it idee hawwe dat se beneidield wurde.

Ik wit dat der keatsers binne dy’t nei it sjen fan it lot by in troch-inoar-lotsjen-partij al gjin nocht mear hawwe, omdat se witte dat se mei maten keatse moatte dy’t it betiden krekt wat te bûnt meitsje.

Wie de schoen past, trekke hem aan. Keatsers, publyk, media en alles wat him yn  en om it keatsen hinne beweecht… Tink derom. Stek it lontsje net te faak oan, meitsje it net noch koarter.

Respekt is in tiidwurd.

En foar de net-Friezen dy’t dochs safier kommen binne.

Respect is een werkwoord.

Jacob Stelwagen

(foto: Henk Bootsma)

auteur avatar
redactie
kaatsnieuws.com is een van de grootste online kaatsplatforms online