Home laatste nieuws Opgoaier (3) | Pieter

Opgoaier (3) | Pieter

533
0
Pieter van Althuis, Franeker
It moat yn de tarieding op it seizoen 2011 west hawwe.  Ik siet (doe noch wol en noch mar krekt) yn de redaksje fan it keatsblêd fan de KNKB. De fraach wie om hokker keatser wy net hinne koene op dat stuit. Dy moast fansels yn it blêd. De redaksje wie sa goed as unanym. Op my nei. Ik sil earlik wêze… Ik wist net fuortendalik wa’t Pieter van Althuis wie.“De nûmer twa fan de PC.”
“Is dat dy jonge dy’t hieltyd wjukwapperjend oer it fjild gie nei in goeie slach?” frege ik.
“Ja, dy.”In wike letter siet ik by him thús op de bank yn Frjentsjer. Pieter wie yn alles Pieter.“O, no moast tink ik ek in koek hawwe?”
“Eh no, dat makket my net safolle út hear,” sei ik.Mar der kaam in koek. Stie ek al klear, mar wie er earst efkes ferjitten.

“Sorry, ik ha eins nea in ynterfjoe.”

Dêrnei hie er it oer keatsen, oer keatsen en oer keatsen. Oer winst, mar ek oer ferlies: “Moatst goed oplette. Winners sykje mekoar op. Ferliezers sitte allegear in in oare hoeke fan it fjild te gûlen.” Sels hie er yn syn jeugd yn Peins “badkupen foljankt”, omdat er werris ferlern hie. Mar hy gie wol troch. Altyd. It gie oer master Fokkema, oer Durk Gjaltema (beide fan Peins) en oer al it oare wat hy moai en wichtich fûn oan keatsen. Ik siet derby en besocht it op te skriuwen, mar hy praat flugger as ik skriuwe kin. It kin dus wêze, dat parten it ferhaal net helle hawwe. Dat jout net. Oer Pieter kinst net in min ferhaal skriuwe. Der komt gewoan altyd wat út, it is altyd oprjocht en it is nea negatyf oer in oar.

Pieter van Althuis, Franeker

It wie al moai let doe’t er in keatsbal út it laad krige. Tiid foar in demonstraasje. Yn de wenkeamer.

“Fan myn freondinne mei ik dit net mear dwaan. Sy is benaud dat de ruten sneuvelje. Mar dy is der no net, dus sjoch… As ik dit doch, dan bart der dit… Mar it moat eins sa…”

Nei dy demonstraasje, de ruten sieten der noch yn, frege ik wat er no eins it moaiste fûn oan it keatsen. It antwurd? De minsken.

“Do hast no in jûn by my west en as ik dy oer in jier sjoch, dan wit ik dat noch. Dan groetsje wy mekoar. Dat fyn ik moai.”

Jawis. Ik haw yn myn sjoernalistike libben hûnderten minsken befrege en dêr sitte minsken tusken, dy’t my òf straal foarbyrinne òf dy’t ik by eltse moeting myn namme wer fertelle moat. Om hiel earlik te wêzen… Jout allegear net, mar dêrtroch tocht ik… Dat sil allegear wol. Mar it waard simmer en ik stie op de PC. As taskôger fansels. Myn plak wie steand achter de opslach, twa rijen oare steande minsken foar my en noch in hânfol banken. Pieter soe opslaan en rûn nei de boppe.

“Hé! Jacob!”

Dus dochs.

Wie Pieter de alderbêste? Nee. Wûn er de measte prizen? Nee. In oare fraach dan… No en?

Ik ken net ien, dy’t bliid is dat er net mear keatse kin. As ien de gunfaktor hat, is it Pieter. En terjochte. Hy brocht de fleur en it lûd en de libbenens, wêrfan no sa faak sein wurdt, dat dat der allegear te min is. Dêrom is it sa ferrekte spitich, dat de holle noch wol wat it liif net mear kin. En ik? Ik haw gelok hân, tink ik. Ien fan de earste keatsferhalen dy’t ik skreau, makke ik yn de maitiid fan 2011, nei dy jûn yn Frjentsjer by Pieter van Althuis. As je nei sa’n sessy noch net benijd binne nei keatsen en der fan hâlden geane, dan wurdt it him ek net mear.

Pieter, jonge, dankewol. It giet dy goed!

Jacob Stelwagen

Vorig artikelOpgoaier (2) | Boerd
Volgend artikelOpgoaier (4) | Douwe, Max, Marten

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in