Tink dy ris yn… Dyn favorite fuotbalklub ferliest mar krekt fan in sterke tsjinstanner, mar nei ôfrin komt ien op it heldere idee… By dy tsjinstanner die in skoftlang in spiler mei dy’t hielendal net yn it fjild stean mocht. Hoe grut soe de kâns wêze, dat de KNVB de spilers wer út de klaaikeamer skuort, se it fjild wer opstjoert om wer te begjinnen op it punt wêrop de yllegale spiler it fjild ynkaam? En hoe grut is de kâns dat de tsjinstanner de kâns krijt om dy yllegale spiler te ferfangen troch in oaren ien?
Myn wiskunde is net bêst, mar dy kâns is tink ik nul.
Grutter is de kâns dat de útslach fan de net reglemintêr behelle winst skrast wurdt en dat dyn favorite fuotbalklub de trije punten krijt. Dat hat dochs neat mei keatsen te krijen? Jawol. Alles.
Yn de twadde omloop fan de Bûnspartij keatste Boalsert 1 tsjin Seisbierrum. Yoram Elzinga foel út. Wat mei de rêch. Fysio derby en ôfwachtsje. Yn’e regel is it dan sa, dat je nei fiif minuten wer fierder keatse moatte. Mei twa man of mei in ynfaller. Dat lêste barde. Silvan Elzinga stapte yn it fjild en wûn mei Boalsert fan Seisbierrum.
En dat mei dus net.
Silvan hie dy omloop al ferlern mei Boalsert 2 en mócht dus net ynfalle op dat stuit. Eltsenien dy’t lid is fan Boalsert mocht dat, mar Silvan net. De skiedsrjochter wist it net of die of er it net wist en liet it gewurde. Opfallend wie, dat it eltsenien yn de parsetinte fuortendalik al opfallen wie. En dus waard der keatst.
Dat Seisbierrum nei ôfrin beswier makke, wie folslein terjochte. Der wie net reglemintêr ferlern en dus kaam it steande nûmer yn de fjirde omloop eins Seisbierrum ta. Wat der doe barde, is lestich te begripen. Der ûntstie in diskusje en dy duorre salang, dat Thomas van Zuiden tiid genôch hie om him troch alle fytsers yn Boalsert hinne te wrakseljen en op tiid yn Frjentsjer te wêzen. Foar wat? Foar it op’e nij keatsen fan de wedstriid Boalsert 1 – Seisbierrum fanôf it punt dat Silvan Elzinga yn it fjild stie.
Neffens bûnsdirekteur Dirk Jan der Woud wie dat sjoen de situaasje de bêste oplossing. Mar wat wie de situaasje feitlik?
Dat de skiedsrjochter in partij trochkeatse liet mei in spiler dy’t dêr net stean mocht. Dat in part fan it haadbestjoer der nei siet te sjen en blykber ek net wist dat soks net kin. Dat de bûnsdirekteur der nei siet te sjen en blykber ek net wist dat soks net kin. Dat Boalsert wól wist dat it net mocht, mar it risiko naam om it dochs te besykjen. Dat de folsleine parse wol op de hichte wie fan wat der barde. Dat der safolle tiid siet tusken de oertreding en it nimmen fan in beslút dêroer, dat der tiid genôch wie om in oare ynfaller út Boalsert komme te litten. Dat Boalsert eins fierder moatten hie mei ien opslagger en ien perkspiler. Dat Seisbierrum mei 6-2 foar stie yn it earst dat Silvan yn de krite stapte, mar letter datselde earst wer op 0-0 begjinne moast. Dat Pieter van der Schoot op hege poaten ferhaal helje moast om überhaupt noch in herkânsing te krijen wylst er de wedstriid net-reglemintêr ferlern hie en dus alle rjocht hie om nei de folgjende list te gean. En sa waard Seisbierrum op syn minst trije kear ûnrjocht oandien.
Eltsenien stie derby, mar nimmen dy’t der wat fan sei.
Ja, as je de boel sa sloere litte en alle ferantwurdlikheden hawwe gjin idee wat der eins foar harren noas bart, dan is dit in reedlik beslút sjoen de situaasje. Sjoen de situaasje, ja. It iennichste goeie beslút wie om binnen fiif minuten mei twa man fierder te keatsen of mei in oare ynfaller as Sylvan. Dan hie de wrâld der foar Seisbierrum grif hiel oars útsjoen. En nei ôfrin wie de iennichste logyske konklúzje dat Boalsert net reglemintêr hannele hie en dus gjin plak op de folgjende list fertsjinne.
Der wurdt sein… De skiedsrjochter is de bepalende faktor, mar dat is dan wat nijs. Doe’t Daniël Iseger in pear jier ferlyn mei noch in wedstryd skorsing achter syn namme yn Huzum op de haadklasse as ynfaller it fjild ynkaam, sei de skiedsrjochter ek neat. Doe beslute it keatsbûn lykwols nei de tiid dat Daniël der fiif wedstriden skorsing by krige.
Dit wurdt fansels lang en wiidweidich evalueard en der komt grif wer in supplemint by it reglemint wêryn stiet wat der barre moat as eltsenien ferjitten is wat de regels yn dat reglemint binne en der om dy reden keatst wurdt op in wize dy’t net tastien is. Boalsert sil sizze… Fan de skiedsrjochter mocht it. Dat klinkt logysk, mar is it net. As de plysje my mei twahûndert kilometer oer de Ofslútdyk jakkerje lit, omdat se net witte wat maksimumsnelheid is, makket dat my net minder strafber.
Gun ik Boalsert de tredde priis net? Jawis wol. De keatsers wol. Dy keatse en dat moatte se ek. It kader fan Boaslert wist lykwols better. In heldere regel soe ek wolris noflik wêze. O! Wacht!
Artikel 12 fan it keatsreglemint 2025 seit:
1. Tot aanvang van de wedstrijd mag een afdelingspartuur waarvoor twee spelers zijn aangegeven worden aangevuld met een niet op de lijst voorkomende speler die voor die categorie speelgerechtigd is voor de vereniging. Eveneens mag tot aanvang van de wedstrijd een speler uit een afdelingspartuur worden vervangen door een speler van een ander partuur van die vereniging, mits dat andere partuur wordt aangevuld met een niet op de lijst voorkomende speler, die voor die categorie speelgerechtigd is voor de vereniging.
2. In geval van omstandigheden die verder spelen onmogelijk maken, mag het partuur worden aangevuld met een niet op de lijst voorkomende speler die voor die categorie speelgerechtigd is voor de vereniging.
Lêze jim mei… “Met een niet op de lijst voorkomende speler”… As skiedsrjochter, haadbestjoer en direksje al net iens witte wat de regels binne… Wa kinne wy op dat mêd dan noch fertrouwe? Rjochtbreidzje kin net mear, mar in fatsoenlik, iepenbier ekskús is wol it minste.
Jacob Stelwagen