In skoftlyn kaam der in omslach binnen de keatssport. It is jimme miskien ûntgien, mar fan de earder brûklike federaasje- en KNKB-wedstriden naam de sport in flecht de greiden yn, letterlik yn guon gefallen. In stik greide, in sûne doasis lef en entûsjasme, in protte wille en mei elkoar keatse op elk nivo is yn soad gefallen de basis foar dizze wylde partijen op in protte plakken yn Fryslân.
‘Wyld’ betsjut yn dizzen dat de organisaasjes gjin link ha mei it oerkeppeljende sportbûn KNKB, yts wat yn earder jierren miskien as risiko foar de sport sjoen waard. Hjoeddedei docht bliken dat it fleurige karakter fan dizze breedtesport júst in protte erfaren én ûnerfaren keatsers lûkt. Faak mei troch de unike wedstrydnammen, de bysûndere prizen, it feit dat der mei sachte bal keatst wurdt, mar altyd troch de ûntsettend goeie sfear en it feest yn de tinten nei ôfrin. We nimme jim hjir graach mei yn in lyts rûntsje wyldkeatsend Fryslân!
Kûle Keatsen Goutum
Oan de telefoan klinkt in nije entûsjaste stim, it is Nico Boonstra fan de organisaasje fan it Goutumer Kûle Keatsen. Inderdaad, de namme komt oerien mei de namme fan de jeugdsoos yn it doarp: “Doe’t wy der as fiif freonen mei begûnen, sieten we allegearre ek yn it bestjoer fan de jeugdsoos,” leit Nico út.
“It is as in ALO-opdracht fan my begûn, en de basis wie doe én no om minsken yn de kunde komme te litten mei de keatssport, ek fia ús eigen keatsclinics. Dat is ek fuort de reden dat der dielnimmers binne út Grins en Empe [Red: Gelderlân], dat binne âld-stúdzjegenoaten fan my en tagelyk is dy ynstek ek de reden dat de dielnimmers tusken de 16 en de 60+ binne. Wêr’t we yn earder jierren de klassen A, B en C trochelkoar lotten, hawwe we foarich jier besletten om de A en B klasse apart yn te dielen. It nivoferskil tusken keatsers mei en sûnder ûnderfining waard te grut. Wy keatse sels ek graach mei op de ferskillende keetpartijen, je leare sa in protte minsken kennen. It binne hiel sfearfolle partijen, hiel oars dan in KNKBwedstryd. It bierke nei ôfrin helpt dêr fansels ek by. It Kûle Keatsen Goutum is altyd op de sneon fan it Himelfeartswykein, handich want dan kinne wy as organisaasje freeds bouwe en sneins brekke!”
Oeh, en dy ALO-opdracht? Dy hat Nico mei in dikke foldwaande ôfslute kinnen!
Hoe & Wat
- Oprjochte yn 2018
- Altyd op de sneon fan it Himelfeartswykein
- Op it Goutumer keatsfjild
- Fol = Fol? Nee! Yn Goutum ha se alle romte foar groei
Wat kinne we winne?
- Knappe krânsen, fette fleisprizen, bêste boadskippakketten & unike Kûle keatsballen
- Opjaan dochst fia www.facebook.com/Kulekeatsen of fia ferskate appgroepen

Dit artikel verscheen eerder in de Kaatskrant van de KNKB en is geschreven door Janneke de Boer