• Facebook
  • X
  • Instagram
kaatsnieuws.com
  • Thús
  • Nieuws
  • uitslagen
  • Verslagen
  • Opinie
  • Contact
Selecteer een pagina

Opgoaier (2) | Boerd

door redactie | mei 9, 2016 | opgoaier | 0 Reacties

Ja, it barde yn Tsjummearum op Himelfeartsdei. Bitgum wûn net allinnich fiif omlopen yn Weidum, mar werhelle dat yn Tsjummearum. En dus giene de krânsen wer mei nei Bitgum. No ja, nei Bitgummole. Mar wy as Bitgumers binne ree om te akseptearjen, dat Bitgummoolsters by ús hearre as sy wat winne.
Sels sizze de keatsers no, dat de Bûnspartij (it NK Senioren komt my de strôt gewoan net út) in partij op himsels is en dat it net sa is, dat sy no ek fuortendalik de grutte favoryt binne op Pinkstermoandei. Dat binne sy fansels wol. It gemak wêrmei sawol Weidum as Tsjummearum wûn waarden, bewiist dat. Yn Frjentsjer wûnen Steenstra en Terpstra trouwens wer, no mei Herman Sprik yn de frije formaasje. Fyftjin omlopen, nul ferlern. Koe minder, seit in Fries dan.

Mar eins wie it ek de wike fan Dronryp. Dêr wûn it twatal fan Peins de ôfdielingswedstryd foar froulju haadklassers. Hulde! Yn de heale finale tsjin Frjentsjer koe it alle kanten út (5-5 en 6-6), mar Peins oerlibbe en wûn dêrnei ek de finale. Hiske en Marrit Zeinstra yn’e krânsen dus foar KV Pieter Jellema. In topprestaasje, al hielendal as je betinke dat Hiske ‘noch mar’ in famkeskeatser is. Fan dy froulju binne wy (gelokkich) noch lang net ôf.

En ek yn Dronryp wie dan noch dat boerd. Wy seagen it minoftemear tafallich doe’t wy mei de auto troch it doarp tuften en makken in foto mei de tillefoan. Dy foto pleatsten wy op Facebook. De tekst yn kapitalen?

AUB ONTHOUDEN

DIT IS EEN SPORT

DE COACHES ZIJN VRIJWILLIG

DE SCHEIDSRECHTER IS OOK EEN MENS

DIT IS NIET DE PC

Noch nea krige in Kaatsnieuws-foto safolle likes (hast 350). It gefolch wie ek dat de foto hast 20.000 (unike) persoanen berikte. Leuk? Op himsels wol. Oan de oare kant… Wy kinne dus acht oeren trochbringe op in keatsjild, de útslaggen en wat mear of minder slagge foto’s publisearje. Mar dy helje it nea by in snapshot fan in boerd yn Dronryp. Is dat in klacht? Nee. It is heechút fernuvering oer it feit, dat rânesaken somtiden mear opfalle as de sportive prestaasjes op it fjild. Mar goed, dat is yn de keatswrâld net in nij ferskynsel en ik kin my der hiel drok oer meitsje, mar dat feroaret der neat oan. Net dwaan dus.

En dan it boerd sels. De ynhâld. De earste fjouwer regels begryp ik wol, leau ik. Myn ynterpretaasje… Gean mei respekt en fatsoen mei elkoar om. Soargje foar striid yn it fjild, mar soargje ek dat je dêrnei elkoar de hân skodzje kinne en in pilske of in gleske fris mei elkoar drinke kinne. So far, so good. Mar dan bliuwt noch de lêste sin oer.

DIT IS NIET DE PC

Dat liket my in iepen doar, de PC wurdt ommers ferkeatst yn Frjentsjer, mar wat is dêrmei dan eins sein?  Froulju binne wolkom yn it bestjoer? De hege hoed kin yn de kast bliuwe? De PC is gjin sport? De skiedsrjochters op de PC binne gjin minsken? As je mekoar foar rotte fisk útmeitsje wolle, doch it dan dêr? Dat sil wol net. It sil soks betsjutte as… Ferjit net dat de sportive en finansjele belangen hjir wat minder grut binne as op de Fyfde Woansdei en hâld dy dus in bytsje yn. Mar dat stiet der dus net. Sa waard it dochs in bytsje in kryptogram mei sûnder twifel goeie bedoelings.

Is it goed dat Sjirk de Wal hjir omtinken foar freget? Ja, tink it wol. En de oanlieding dan? Is it dan ek goed, dat it nedich is om dêrfoar omtinken te freegjen?

Mwah.

De sportwrâld (ek de keatserij) hat it wurd respekt en it begryp ‘normale omgongsfoarmen’ foaroan yn de mûle lizzen. Libje en libje litte. Etls syn eigen miening, stânpunt of oertsjûging gunne. Mei wa’t je ek prate op it fjild… Eltsenien is it deroer iens, dat it mooglik wêze moat.

Dêr is in moai Fryske siswize foar…

“Sizze is neat, dwaan is in ding!”

 

Jacob Stelwagen

Reactie verzenden Reactie annuleren

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

  • Disclaimer
  • Algemene Voorwaarden
  • Adverteren
  • Contact Us
  • Facebook
  • X
  • Instagram

Ontworpen door Elegant Themes | Ondersteund door WordPress