De wike begûn mei it minne en fertrietlike nijs, dat PC-speaker Johannes van der Ploeg ferstoarn is op 75-jierrige leeftiid. Dat kaam net folslein ûnferwachte, mar it kaam wol wer efkes binnen. 35 jier lang wie hy de stim fan de PC. By it roubeklach op freedtejûn wie it smoardrok. Terjochte, as wy PC-foarsitter Ids Hellinga leauwe moatte. En wêrom soene we him net leauwe? Johannes van der Ploeg wie net allinnich ûnderdiel fan de grutte keatsfamylje, mar ek in aimabel man en in frijwilliger sa’t dy hast net mear makke wurde.
Soms binne de kontrasten yn in wike grut.

Lyts OKK bestiet hûndert jier en dat waard woansdei wiidweidich fierd. Lyts OKK is in Bitgumer stifting, dy’t net ferbûn is oan OKK Beetgum mar ek wer wol. Sy binne neat fan elkoar, mar sawol de stifting as de feriening hawwe in frou as foarsitter en dy prate wol. Foardiel derfan is, is dat der materiaal útwiksele wurdt, dat OKK in prachtich kado oanbea oan Lyts OKK en dat der no in moai jubileumboek leit (25 euro foar de leafhawwer). It waard in memorabele en betiden emosjonele jubileumjûn dêr’t direkteur Dirk Jan van der Woud fan de KNKB oanwêzich wie (hulde!) en KNKB Media in filmke fan leafst ien minuut en tweintich tellen fan makke. Fotograaf Henk Bootsma wie der ek en net foar it earst. Syn foto’s steane yn it jubileumboek (hie ik al sein dat frou Kaatsnieuws de foarsitter is en dat dy de boeken beheart?) en ek op de feestjûn miste hy neat.

Op de earste klasse yn Winaam waard dúdlik dat ynnovaasje net allinnich in keunststof want is. Der wie in weechskaal om de wanten te keuren, mar shirts wiene der net. It waard dêrtroch krekt as by Lyts OKK wat in bernefeestje. Dat is net slim, want feestjes binne leuk fansels. Healwei de wedstriid koene de keatsers harren omklaaie en hiene se lang om let de offisjele KNKB-outfit oan. Immen hie se fansels meinimme moatten, mar in namme neame is net aardich foar Patrick van Dellen.
De winners op it NK foar jongens (Boalsert) en it NK foar famkes (Balk) wiene minder ferrassend as de wantekontrôle yn Winaam. It is in wûnder dat der noch altyd minsken binne dy’t in weechskaal nei it fjild sjouwe en tinke dat se dan wat bydrage, wylst de keatsers yn de klaaikeamer massaal in stik lear sitte te föhnen. Mar klear… Wat seit de winst fan Boalsert en Balk foar de rest fan it seizoen? Net alles. By Boalsert keatsten twa jongens dy’t de Freule alris wûn hawwe en dus net mear meidwaan meie. De trije famkes fan Balk wûnen ferline jier de Ald Meierspartij yn Hitsum en binne der dan dus ek net by. Fansels is winst op in NK in goeie prestaasje, mar de grutste partij fan it jier binne fiif fan de seis der net by.

By de jongens foel op dat de keatsferiening fan Snits it poerbêst foar mekoar hie, mar dat der kwalik neutraal publyk op dochs wol in wichtige wedstriid ôfkomt. Ruurd wie der, mar dy is der al fjirtich jier. Wy fansels. En twa Dútsers dy’t der net it measte fan snapten, mar harren wol fermakken. It wie harren ek net maklik út te lizzen, hoe goed we it ek besochten. Wütend (kwea), über (boppe), für (foar) kaam net hielendal binnen, leau ik. Miskien dat in Dútske fersy fan Keatsen Is Moai Wurk helpe kin by soks.
Wütend, über, für
Singen alle hier im Chor
Und egal wie müde du wirst
Keatsen ist eine schöne Arbeit
It rymt net, mar yn it keatsen binne wol faker saken net goed te rymjen. Sa keatse de junioaren kommende woansdei op de fuotbalfjilden fan Frjentsjer en net op it Sjûkelân. In moanne foar de PC is dat blykber ferbean terrein foar alles wat keatst.
Yn Tsjom begûn de keatsdei foar de hearen haadklassers mei de finale fan de dei derfoar, mar mei in oare útkomst. Yn Holwert wûn it partoer fan Marten Bergsma yn de finale fan it partoer fan Menno van Zwieten. Yn Tsjom stiene sy wer tsjinoer elkoar, mar no wûn partoer Van Zwieten. Oan de ein fan de dei wie yn Tsjom it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra foar de earste kear dit seizoen de sterkste. It jout mar oan dat der op in goeie dei in soad partoeren binne dy’t meidwaan kinne om de prizen.

It medysk dossier fan Pieter Jan Leijenaar is stadichoan dikker as in útprinte fersy fan it keatsreglemint. Yn Holwert foel er út mei in blessure oan de earmtakke en ûnderearm. Hy waard ferfongen troch Patrick Scheepstra. Dat smiet noch in komysk tillefoantsje op mei in âld-kollega fan de Omrop. Hy beseach de útslach op de webside fan de KNKB en seach dat Patrick Scheepstra fan Patrick Scheepstra wûn hie yn de earste omloop. By de froulju foel Corrie Kroondijk út mei in blessure oan de knibbel. Yn it sikehûs die bliken, dat der neat stikken is. Takom wike mar werris sjen.
En o ja! Johannes Miedema fan Stiens waard sneon earste by de welpen yn de a-kategory. Syn earste earste priis! Lokwinske! Mebius Hettinga fan Froubuorren wûn de krânse by de welpen yn de b-kateogry. Bysûnder? Ja! Twadde prizen hie er al wol, mar dit wie de earste kear dat er de hage oan de gevel hingje kin. En no trochsette! Beide. Dan komt de twadde ek. En de tredde. En de rest.
Jacob Stelwagen