Op sneon (of saterdei, want Dokkum leit tsjin de Wâlden oan) wiene wy by it NK Pupillenongens. Dat waard glânsryk wûn troch Dokkum sels. Njoggen earsten tsijn yn fiif omlopen, in gemiddelde fan minder as twa. Knap! By ien fan de partijen yn de earste omloop wie in bal dúdlik foar, mar de karmaster wie efkes drok yn petear en seach it mar heal. Hy jûch de bal yn en sa waard it gjin 4-3, mar 5-2. In wrâld fan ferskil, hielendal omdat de lettere ferliezers it folgjende buordsje wol pakten. 4-4 of 5-3, dat makket nochal wat út. Spitich. Ik wol net sizze dat minsken gjin flaters meitsje meie, mar as je op de line sitte… Let dan ek op! It is foar dy jonkjes ien fan de wichtigste partijen yn it jier.
Op snein wiene wy by de froulju yn Bitgum. Wat in gribus. Der wiene keatssters ôfmelden, der foelen keatsters út en sa waard der hast mear bylotte as keatst. Dêr kinne je net foar, mar ik fernaam oan guon keatssters dat dy harren nocht wol wat hiene. Trije kear ferlieze yn alle kearen in oare gearstalling is ek net folle oan. It goeie nijs is dat Corrie Kroondijk op krukken noch best fluch is. “Dat wurdt gjin PC dus”, sei frou Kaatsnieuws tsjin har. “Dat seit eltsenien”, wie it antwurd. “Mar de dokters binne optimistysker.” Gelokkich mar, dan wy ek.
Woansdei wie frou Kaatsnieuws trouwens by de Junioarenkompetysje yn Frjentsjer. Wat yn de leave frede is der mei dy kompetysje bard? Sân partoeren by de hearen, wylst der yn totaal 41 keatsers meidiene dit jier. Dêrfan kaam dus mar de helte nei Frjentsjer. No tink ik dat woansdeitemiddei yn in eksamenperioade ek net echt tûk pland is, dus dan krije je dat. Ik besocht foar mysels in klassemint te meitsjen en bin der wer mei ophâlden. Krije de ferliezend heale finalisten in punt of net? Faak hawwe se der mar ien omloop foar wûn. Of noch sterker… Se binne mei in steand nûmer yn de earste omloop yn dy heale finale bedarre. Is dat in punt wurdich? Gjin idee.

Boppedat kaam ik in oar probleem tsjin op de webside fan it keatsbûn. Wiebe van Wier fan Peins hie yn partoer 7 in steand nûmer yn de earste omloop. Mar neffens dyselde side keatste Wiebe mei partoer 2 yn de earste omloop en ferlear. Yn de heale finale siet er wer yn partoer 7 en ferlear wer. Ik begryp net goed hoe’t in keatser yn ien omloop yn twa partoeren sitte kin? Wat no as er wûn hie? Dan hiene we neffens de side in heale finale sjoen tusken Wiebe van Wier en Wiebe van Wier. Ferline wike wûn Patrick Scheepstra fan Patrick Scheepstra yn de earste omloop. Haw ik earne in nije regel mist? Steane der kloons yn it fjild? Of hologrammen?
By de froulju wûnen Louise Krol, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra de earste priis. Je ferwachtsje it net, mar Louise en Manon hiene noch nea earder mei elkoar keatst. Dat is blykber it lot, dat je tsientallen wedstriden keatse kinne mar nea mei elkoar. Louise is dwaande mei har 11e seizoen by de senioaren. Wûnderlik. Lotting is iepenbier en dus hielendal earlik. Dus dat Jan Braaksma ferline wike skreau dat Gert-Anne van der Bos mei syn partoer nea nûmer 9 of 10 hie op de haadklasse. In skandaal. Gelokkich luts it lot him dat oan en kin it lot blykber ek lêze. Dizze wike wiene Gert-Anne, Taeke en Erwin yn Harns partoer 10. Of it is gewoan dom tafal. Dat kin ek.

Foarsitter Manon Draisma-van der Wal fan OKK Beetgum keatste lang lyn, yn de lette midsieuwen of sa mar yn alle gefallen yn de foarige iuw, noch wolris mei Manon Scheepstra. Snein mocht Manon Manon de krânse omhingje en de keninginnepriis oerlangje. In pikefelmomintsje. Leuke, frisse en goeie foarsitter trouwens. De Van Aismadagen binne in tradysje, mar neffens ús is it in kwesty fan tiid dat wy ein augustus de Van Draismadagen keatse yn Bitgum.

O. En dan it minne nijs. Frou Kaatsnieuws is blessearre rekke tidens de revalidaasje. Tidens de revalidaasje, ja. Dat is best knap. Finger brutsen. Dy keatst dus foarearst net en type giet mei twa fingers. It liket in bytsje no op in boomer dy’t op in âlde typmasine sit te rammen. Hiel sneu. Kaarten kinne nei Frou Kaatsnieuws, Buorren 26, 9044MH Bitgum. Wurdt tige wurdearre.
Se kin de slúf sels werskynlik net iepenmeitsje, mar dêr fine wy wol wat op.
Jacob Stelwagen