Dat ik net keatse kin, witte jim wol. Dat haw ik al faker skreaun. Berne op Flylân. Gjin kondysje. Gjin motoryk. Kopkeatser, omdat de bal faker op de holle bedarret as yn ‘e hân. Wol balgefoel, mar dan moat it wol in fuotbal wêze.

Ik haw nijs. Echt nijs, sels foar my, want ik wist fan neat wylst it oer mysels gie.

Ik sil keatse.

De lokaasje en it momint binne geheim, omdat it op 22 augustus op de Wylde Van Aismapartij is. De lêste kear dat ik tsjekte stiene der al 46 partoeren op de list. Dat binne seis omlopen. En dat binne der eins seis tefolle foar myn talint (of it gebrek deroan) en myn kondysje.

Mar goed… Wy sille dermei rêde, al kaam ik der wol op in wat nuvere manier achter. Yn it doarp waard ik meardere kearen oansprutsen op myn dielname. Ik sil gjin nammen neame, dat is net leuk foar Thys van der Schaaf, mar die hie it allegear al foar eagen en regele. Ik wist dat net, mar doe siet ik dermei.

Ik doarde net te keatsen en net te wegerjen.

Ik haw Frou Kaatsnieuws noch frege om my de skonken te brekken, mar ik twifelje der wat oer… Wat is pynliker? In brutsen poat of der mei 5-0 en 6-0 ôf yn de earste omloop. Sûnt de finale fan de haadklassepartij yn Boalsert en wat tiidrekkerij moatte we it wol langer as 26 minuten folhâlde kinne. Dus myn skonken sille it wol in heal oere folhâlde. Boppedat… Thys wie ea winner fan de Bûnspartij by de CFK yn 1988. Dat is noch mar 38 jier lyn, dat ik nim oan dat er noch wol wat kin. Ik wie doe tolve jier jong, en it wie in wike foar de finale fan it EK fuotbal dat troch Nederlân wûn waard.

Ik tink, ik bin der wol wis fan , dat dat my doe mear dwaande hâlde. Yntiids bin ik dan dochs mar yn training en smook ik wat faker op it wurk om mear stappen te setten en sa mear kondysje op te bouwen. Ik kin ek ophâlde mei smoken fansels, mar om earlik te wêzen haw ik it bestjoer frege of ik yn it fjild smoke mei. No haw ik ûntheffing. Ik smook se it perk út. En oars praat ik wol, want dat is myn wurk. Ik wurd per wurd betelle, dus ik wurd der nea minder fan. By de regiopartij yn Bitgum wie ik op it fjild. Luca Bloem wie der ek en Frou Kaatsnieuws trune derop oan, dat hy my it keatsen leare moast.

Sêfte bal. Hoe dreech kin it wêze. Yn myn belibbing… As je fyftich binne en nea in bal rekke hawwe… Frijwat dreech… Gelokkich koe ik my der maklik ôfmeitsje.

“Ik bin links”, sei ik. “Dus dat hat gjin doel…”

Sa. Dêr wie ik fanôf. Tocht ik.

“Moai! Ik ek!” sei Luca.

Doe wie ik oan de beurt. It wichtigste? De warming up. Tsien kear dit, tsien kear dat. No is tsien net folle. Mar der wiene in stik as tolve dingen dy’t tsien kear moasten om waarm te wurden. En it wie al waarm. Doe de trijestap. Dy snap ik yn teory. By my binne dat der yn de praktyk twa, fjouwer of fiif mar nuver genôch nea trije.

Earste opslachbal. Meter as fiifentweintich meter. Ah, it is sa dreech net dus. Twadde opslachbal. Ien meter. Ah, it is dus dochs dreger. En sa gie it efkes troch. Goed tweintich meter of ien en neat der tuskenyn. Foar it selsbetrouwen hie ik nei dy earste ophâlde moatten. Dat wurdt dus balkeare op 22 augustus.

“Fingers by mekoar en in kûm meitsje mei de hân…”

Ja, dat slagget links wol, mar rjochts brûk ik allinnich om in horloazje om de linkerpols te dwaan. It is de lieding fan in grut bedriuw oan myn lichem. Offisjeel is dy der, mar eins nea belutsen by it echte wurk.

“En dan moat, Jacob…”
“Uhuh… Hoe dan?”
“En dan moat, Jacob…”
“Uhuh… Hoe dan?”
“ Gewoan… Sa!”

En dan die Luca dingen dy’t ik faak sjoen haw, mar nea dien.

O. Sa. Nee, dat kin ik net. Wie ik hiel jong heit wurden dan hie myn trainer foar ien dei myn pakesizzer wêze kinnen. Ik haw besocht Frou Kaatsnieuws, dy’t myn gepruts stie te filmjen, de bal op de kamera te slaan. Se hoechde de bal net iens te ûntwiken. It skeelde heechút in meter as acht.

Luca hie noch folle mear tips, mar dy diel ik fansels net. Djip geheim.

Neffens Thys giet it om de wille en net om de winst. Dêr hawwe wy it nei seis, sân of acht omlopen noch wolris oer… Der binne twa foto’s fan my mei in krânse om. Beide krânsen hie ik efkes ‘liend’. Mear traine doar ik net, want dan bin ik as in planke foardat wy begjinne.

Opjaan kin trouwens noch. Doch it. Leafst ast der noch minder fan kinst as ik. Ien omloop winne, dan ferlieze en dan neisitte. Mear ambysje haw ik net.

Boppedat is de neisit myn sterkere punt. Dat hâld ik wol seis omlopen fol.

Go! It giet oan. Of it sil heve. Mei tank oan Luca bin ik der yn teory klear foar!

Ja, ik sei… Yn teory…

Fannewike spruts ik mei PC-lid Siemen Volberda.

“Op dy leeftiid learst it ek net mear..”

Lekker opbeurend, mar tink derom… Ik haw Luca!

En Patrick van Dellen en Corné Tuinenga hawwe my ek oanbean om my te trainen, mar dat binne Berltsumers, Bêst folk.

Mar gjin Luca.

Jacob Stelwagen

Cookie voorkeuren

✕

Andere

Andere niet-gecategoriseerde cookies zijn cookies die worden geanalyseerd en nog niet in een categorie zijn ingedeeld.

Noodzakelijk

Noodzakelijk
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. These cookies ensure basic functionalities and security features of the website, anonymously.

Advertering

Advertentie cookies worden gebruikt om bezoekers relevante advertenties en marketingcampagnes te tonen. Deze cookies volgen bezoekers op verschillende sites en verzamelen informatie om gepersonaliseerde advertenties te tonen.

Analyse

Analytical cookies are used to understand how visitors interact with the website. These cookies help provide information on metrics the number of visitors, bounce rate, traffic source, etc.

Functioneel

Functional cookies help to perform certain functionalities like sharing the content of the website on social media platforms, collect feedbacks, and other third-party features.

Prestatie

Prestatiecookies worden gebruikt om de sleutelprestatie-indexen van de site te begrijpen en te analyseren, wat helpt om bezoekers een betere gebruikerservaring te bieden.