Home laatste nieuws PC 2018: “Dit smaakt naar meer!”

PC 2018: “Dit smaakt naar meer!”

410
0

Elke sportwedstrijd wordt nabeschouwd. De PC is daar uiteraard geen uitzondering op. En dus gaat het in vooral regionale media over bijna alle aspecten van de 165e PC. Over de winnaars Van Zuiden, Hoekstra (tevens koning) en Van Zuiden. Over de verliezend finalisten Van der Bos, Triemstra en Steenstra. Over debutanten en over kaatsers, die afzwaaiden. En over heel veel andere zaken. Wij verzamelden een aantal van die reacties uit meerdere media.

DE FINALISTEN

Allard Hoekstra: “Kening van de PC. Ik kin it net leauwe, mar ik bin it. Ik bin no 23. Ik bin moai op tiid dus. Dit is eins ûnbegryplik. Ik ha hjir as jonkje wolris fan dreamd, mar dit… Dit hie ik net ferwachte.”

Peter van Zuiden: “Tûk en ôfwikseljend keatse is belangryk. Sy moatte ûnder druk komme te stean.”

Thomas van Zuiden: “It wit net wat it is. As it der echt om giet, wol it op de iene of oare manier blykber goed tsjin dizze mannen.”

Allard Hoekstra: “Ast sels gjin fouten makkest , dan leist konstant de druk by de tsjinstanners. Kinst sjen hoefier ast komme kinst mei deeglik keatsen.”

Peter van Zuiden: “Dit is sa moai. We hawwe niks lizze litten. It wie foar ús in kwesty fan keatsen slaan en ferdigenje. Ik tink, dat sy tefolle direkt skoare woenen.”

Thomas van Zuiden: “It is de passy foar it spultsje, tink ik. Ik wol gewoan hiel graach. Boppedat hawwe wy as partoer altyd in hiel soad wille. Dat helpt fansels ek.”

Peter van Zuiden: “Thomas hat der sa’n soad foar dien. Net normaal. Net omdat it myn broer is, mar hy is in echte atleet. Hy kin alles en docht der alles foar. Wy alle trije trouwens. . As ús maten sizze dat se nei de kroech geane, dan sizze wy nee.”

Taeke Triemstra: “Yn de finale slagge it net. We kamen yn it begjin hieltyd in earst foar, mar koenen gjin gat slaan. Hja keatsten better as normaal, wylst wy op wichtige stannen net it ferskil meitsje koenen.”

Gert-Anne van der Bos: “Dit is bale. Dy mannen keatsten degelik en bleaunen hieltyd by. Peter sloech knap op, seker yn it lêst fan de partij. Taeke en ik hawwe hjir al faker wûn, mar Tjisse noch net. Wy woenen it foar him sa graach winne.”

Tjisse Steenstra: “Dit wie de tredde kear en wer slagge it net. Potferdikkeme. Winne we it sa faak, slagget it op dizze dei krekt net. Dy mannen gienen mar troch. Wat in degelik partoer is dat sis.”

PC-voorzitter Ids Hellinga: “Ik sjoch der suver tsjinoan om jimme de preemje út te rikken.”

Gert-Anne van der Bos: “Dit is gewoan kloaten.”

Thomas van Zuiden: “Het was wel relaxt. We maakten plezier, een beetje ouwehoeren en gek doen.”

DE DEBUTANT

De 18-jarige Stefan van der Meer debuteerde vijfentwintig jaar na zijn vader Thomas als PC-koning op it Sjûkelân stond. Het avontuur eindige na de eerste omloop na de verloren partij tegen partuur Auke Boomsma (5-4 e 6-4): “Der hie mear foar ús ynsitten. Wy stienen 3-3 en 6-0 foar en hiene doe it earst pakke moatten. Ik hie der echt sin oan, mar wie al wat senuweftich. Nei in drege start begûnen wy te keatsen.”

Thomas van der Meer: “Ik train dy jongens wol. Mar Stefan woe my hjoed net as coach hawwe, dat is dan dochs te eigen. Ik haw fannacht minder sliept as oars. Kinst better op it fjild stean as derneist.”

Stefan van der Meer: “Dit smakket nei mear.”

KREKT NET

Hendrik Kootstra en zijn maten misten op een haar na de finale, na verlies in de halve finale: “Wy hawwe it oan ússels te tankjen. It stie 4-4 en 6-6. Dan slacht Allard krekt boppe. Bart dat net, dan is it foar ús. Wy keatse gewoan frijút. Dy partij binne we ek de boppelizzende partij, mar klear… Dan moatte je it wol wiermeitsje. Wy hawwe te min keatst en tefolle besocht op de boven te slaan. Hjir baal ik goed fan.”

Renze Pieter Hiemstra verloor met duidelijke cijfers van partuur Van der Bos (1-5 en 6-6): “As je nei de tillegraaf sjogge liket it ferskil dúdlik. It waard wol fiif kear 6-6 en dêr geane je al. Dan wiene we neffens my tichterby as de tillegraaf sjen lit. Dat is ek in bytsje it ferhaal fan it hiele seizoen.”

EN EEN EMOTIONEEL AFSCHEID

Last, but not least…

Hylke Bruinsma won de PC in 2013, maar deze editie (zijn dertiende) was voor hem de laatste. Hij kreeg een staande ovatie en bloemen en knuffels van zijn naasten: “Doe bruts ik.” De toekomst is nog een beetje vaag: “Ik pik hjir en dêr in potsje mei.” En de PC van 2019: “Sis noait noait.”

En over het verlies in de tweede omloop met alles oan’e hang tegen het partuur van Enno Kingma: “Dit is noch net te befetsjen. Hoe’t sa’n lêste earst dan ek giet… Swier kloaten fansels. Ik bin derôf, ik haw gjin priis, ik haw hielendal neat. Ik haw sein… Noch fjouwer omlopen dan is myn karjêre foarby. It gie oars. DAt is knetterhurd. It wie in moai applaus hear, dat docht my echt wat. Dan sjogge je wol hoe moai dizze sport is. De emoasjes wiene swier op dat momint. Yn it fjild wie ik der totaal net mei dwaande. Fannemoarn haw ik der wol oan tocht, mar dan moat de knop om. Mar dan sjoch ik myn mem it fjild oprinnen en myn frou en ús bern… Dan knak ik efkes.”

Naast Hylke Bruinsma namen ook Aloys Freitag en Elgar Boersma afscheid van de PC.

(bronnen: Leeuwarder Courant, Friesch Dagblad, Omrop Fryslân, Kaatsnieuws.com)

Foto’s: Kaatsnieuws.com

Vorig artikelPC Franeker 2018: Trio Van Zuiden wint
Volgend artikelNederland Europees kampioen Internationaal Spel