Home Columns Opgoaier (9) | Kommissaris

Opgoaier (9) | Kommissaris

315
0
Durk Gjaltema

Grut nijs dizze wike. Der moat in nije Kommissaris fan de Kening komme. Dy fan no wol leaver nei Eindhoven. Fan de provinsje fan Doutzen nei de stêd fan oranjeidioat Johan Vlemmix. Allegear suver sels witte, mar no moatte wy wat oars dus. Profylskets sus en sa? Te dreech. Ik haw de oplossing al fûn. Yn it keatsen. Wêr oars?

Oerienkomsten tusken polityk en keatsen binne der genôch. In grut part fan de befolking leaut der net mear yn. De opkomst liket mei it jier minder te wurden en as ik de kenners leauwe mei hâldt it mei it nivo net altyd oer. Koartsein… Immen dy’t goed is foar it keatsen, kin ús provinsje ek wol bestjoere. Ik moast der efkes twa minuten oer neitinke, mar ik haw jim nije kommissaris fûn.

John Jorritsma
John Jorritsma

Wat Fryslân nedich hat, is immen dy’t trochpakt. Ien dy’t je wat wurk taskowe kinne en dy’t dat dan ek gewoan docht. Sûnder te sangerjen. Witte jim hoefolle der boud wurdt op’t heden yn Fryslân? Ik net, mar it is in soad. Hawwe jim de affêre om de boufraude hinne folge? Ik wol. In kommissaris dy’t saken dy’t wat al te bûnt binne wytwaskje kin, is gjin oerstallige lúkse. Dat is in keunst. Echt. En ik ken ien dy’t dat docht mei Grinslanner sjippe, dus hy kin noch oer grinzen hinne sjen ek. Ik haw in kast fol mei rôze shirts dy’t eins wyt hearre te wêzen. Wytwaskje is net echt myn grutste kwaliteit. Jim kinne dus rêstich sliepe. Ik wurd it sawiesa net.

Hawwe jim wolris by in fergadering sitten fan Provinsjale Steaten? Ik wol. Dat klinkt sa: “We hanteren een actieve strategie gericht op het bevorderen van transitie. Denk daarbij niet micro, want bij clustering van concrete vraagstukken zal tevens worden ingezet op het verbreden van betrokkenheid. Vergeet bovendien niet, dat maatschappelijke opgaven cross-sectorale samenwerking stimuleren.” Nee. It leit net oan jim, want ik snap der ek gjin hol fan. It kin oer elts ûnderwerp gean, dat witte je op it lêst net mear. Hoe ferfrissend soe it wêze, in kommissaris dy’t dan seit wat er ècht tinkt?

“Hé, lilkert! Soedesto dy no de bek ek efkes hâlde?”

Parlemintêr? Nee. Helder? Ja. Wolle jim heldere en earlike polityk? Ien dy’t net lult om it lullen en leafst sa min mooglik, sa koart mooglik of hielendal net fergadert? Dan haw ik jim nije kommissaris fûn.

Hawwe jim wolris by in amtner op it provinsjehûs op besite west? Ik wol. Kaderstellende nota sus, beliedsplan sa. Noch in ekstra ûndersykje. Op syn minst twa ton op sjouw en yntusken bart der neat. Ik haw der neat mei. Ik hâld fan helder en in bytsje opsjitte. Hoe ferfrissend soe it wêze as ús nije kommissaris gewoan in beslút nimt, sûnder oerenlang gejeuzel yn’t foar en dernei.

“Wat no, wy wolle gjin roze shirts oan? Jim dogge roze shirts oan, want dy hawwe jim no krigen. Keatse bliksem!”

En ferdomd. Dan keatse sy hear. Yn it roze. Net earst in ûndersyk ynstelle nei de ynhâld fan de tas, net eamelje. Knopen trochhakke. Neat mis mei dochs? Soene se yn de polityk noch wat fan leare kinne. Dus ik haw jim kommissaris fûn.

Hawwe jim wolris op in resepsje op it provinsjehûs west? Ik wol. Om de twa minuten krije je in glês krekt wat te djoere wite wyn yn hannen treaun. Dat fyn ik yn’e regel hielendal net sa slim, mar wol as ik oan it wurk bin. Dat betelje jim dan dus, sûnder dat jim it witte. Fierder stroffelje je oer de toast mei salm, blaufintonyn of in oar djoer en dea (dat gelokkich wol) ding út see. Leaver in stikje Yubari King Meloen? Gjin punt. Wurdt regele. Is dochs al betelle. Ek troch jim trouwens. Hoe ferfrissend soe it wêze as ús nije kommissaris dy djoere rommel gewoan stean lit?

“Hat immen foar my in blikje Coca Cola, in hamburger en in pûdsje sjips (naturel). En sille wy no efkes smoke?”

Gelyk hat er. Doch normaal, dat is meastentiids al gek genôch. Yn it keatsen wurket dat prima, dus wêrom soe dat foar de provinsjale polityk oars wêze? Witte jim hoefolle tsjinstauto’s de provinsje hat? Fiif. Witte jim hoe grut dy kringen binne? Ik tink, dat der wol fiif Peinser Maserati’s ynpasse.

Dus wat hawwe wy no? Wytwaskje. Dúdlike taal. Normaal dwaan as it moat en ‘prettig gestoord’ wêze as it kin. In miening. Net sangerje (net al te bot, tenminsten). Oanpakker. Leafhawwer. Oer grinzen hinne sjen kinne. Beslútfeardich. Wat moat in kommissaris mear kinne of wêze dan? Dit is it dochs wol sawat?

Neffens my is it wol helder.

Leave Durk Gjaltema fan Peins… Doch it! Foar my. En foar Fryslân. It is wat dreech om dy, sjoen dyn folume, in stille krêft yn it keatsen te neamen mar snapst myn punt. It sil foar eltsenien (foar dy en foar ús) efkes wennen wêze, dat begryp ik ek wol. In pear dagen yn de wike is genôch, want wy kinne dy yn it keatsen fansels noch net misse. En ach, dy lintsjeknipperij bist ommers samar klear mei. Dat kin it wurk ek net wêze.

Durk Gjaltema, Kommissaris

“Jou dy kutskjirre no mar, lilkert, dan regelje ik it fuortendalik efkes.”

Ja, dat wurdt wennen. Dêrom by dizze in foarstel oan eltsenien. Oefenje! Sprek him fan dit wykein ôf alfêst oan mei syn nije titel.

Kommissaris Durk!

Jacob Stelwagen

Vorig artikelOpgoaier (8) | Statistyk
Volgend artikelOpgoaier (10) | Hip

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Vul alstublieft uw commentaar in!
Vul hier uw naam in