Opgoaier (21) | Klaverke Njoggen

Hans Wassenaar

Ik hie sa’n nocht om efkes lekker te lêbjen dizze wike. Somtiden hawwe je gewoan sa’n bui. Ik haw eins behoarlik faak sa’n bui, benammen as it oer keatsen giet. Fierder bin ik frij fleurich en optimistysk, mar keatsen docht wat mei in minske en dus ek mei my. Ik wie der dus hielendal klear foar, foar dat lêbjen. Mar ja, dan pakt dy jonge fan Hans Wassenaar op Pinkstermoandei syn fjirde klaverbledsje. Wat moatte je dan noch?

It kaam eins sa…

Hoewol’t it sa skynt te wêzen, dat de KNKB de keatsferiening fan Doanjum allegear rêdingsboeien tasmiten hat om de haadklassepartijen dêr te hâlden, haw ik dêr neat fan fernommen. Ik hearde op Radio Eenhoorn in suver ûnferskillige foarsitter yngean op de oarsaken. Wat oer in skoalle dy’t ticht is en oare tiden. No ja, it wie net oars. Neat heard oer rêdingsboeien. Feitlik kloppe it allegear wol, al hat Doanjum hielendal gjin fuotbalferiening en dêr dus ek gjin konkurrinsje fan. En o ja! Miskien moast it ek wol oars mei de wedstriidaginda. En wat mei transysje fansels. Dat wurd komt no om de trije sinnen werom. Kin immen dat ek ferbiede? Asjeblyft? Of in kear freegje wat it startpunt is en wat it eindoel?

Holle termen binne it.

Wat der nammentlik net by ferteld waard, is dat der nei de sluting fan de skoalle net ien gesin út Doanjum ferhûze is. Dat is de oarsaak dus nèt. Wat der net by ferteld waard is dat in lytse feriening as Doanjum likegoed in wedstriidlisinsje betelje moat, de prizen, de kofje foar de parse, de masseur, de skiedsrjochter en mear fan soks. Fertsjinje dat marris werom. En o ja, der moatte neffens de regels (joepie, regels!) twa flaggemêsten wêze en net ien minder. Dus doe’t der yn Doanjum ien stikken wie… Rekkenje dat sels allegear mar út. En ja, it binne oare tiden, mar de jierren tachtich wiene ek oare jierren as de jierren santich of fyftich. It is maklik roppen, mar der is net folle mei sein. Je kinne ek sizze… Minsken binne mobiler as ea, dus it hat noch nea sa maklik west om op in keatsfjild te kommen. Dochs dogge se it net.

“Giest mei nei it keatsen?”
“Nee.”
“Wêrom net?”
“Oare tiden, no?”
“Mar it is in transysjeperioade.”
“Transysje fan wat nei wat?”
“Eeeeeh…”

Sis dan neat.

Gelokkich wie der noch de Bûnspartij. Hast eltsenien ropt al jierren dat dy op It Sjûkelân heart. Net, omdat hast eltsenien sa briljant is. Keatsen is gjin wiskunde en der binne genôch minsken dy’t witte of oanfiele wat der oan de hân is en wat wol en wat net wurket. Freegje dy ris wat, ek as se oars tinke of oars prate, en doch der wat mei. Mar goed… Ik nim oan, dat dit no earst klear is. Fansels heart de Bûnspartij op it Sjûkelân. Dit jier, takom jier, it jier dêrnei en ek alle jierren dêrnei. De Jong Nederland ek trouwens. Ik snap wol, dat in feriening it leuk en aardich fynt om soks te organisearjen. Dat is lykwols net alles wat telt. Publyk hat no wol dúdlik makke, dat it gjin nocht hat om mei it sirkus mei te reizgjen. Allinnich in malloat soe der noch langer as twa tellen oer neitinke moatte. Sa soe ik lêbje, gewoan omdat ik der nocht yn hie of myn nocht der fan hie.

Mar doe kaam Hans.

bondspartij 2017, leeuwarden
De winnaars van de Bondspartij 2017: Jouke Bosje, Hans Wassenaar, Enno Kingma (vlnr)
Alles hie er al. Alle NK’s. En de Freule. En de PC. En de Jong Feintepartij. En sa’n bytsje alle grutte sêfte balpartijen. Ien ding hie er net en dat wie winst op de Bûnspartij en dus hie er ek gjin Klaverke Fjouwer. Neffens syn eigen berekkening hat er wol tsientûzen oeren yn it keatsen stutsen. Ik tink, dat it der mear binne. Ik wit, dat er fan seis jier ôf hiele dagen stie te keatsen tsjin de doarren fan de loads op it hiem yn Tsjummearum. Ik tink, dat yn Tsjummearum net ien Hans ea sûnder keatsbal sjoen hat. Altyd in baltsje yn de bûse. Altyd mar ompiele. Jouke Bosje sei it in dei letter yn de Ljouwerter Krante: “Der is net ien dy’t der safolle foar docht as Hans.” Ik tink, dat dat nea oars west hat en ek net gau feroarje sil.

Op in moai fol en smûk Sjûkelân, sa as it heart, kaam op Pinkstermoandei 2017 de beleaning.

Wisten jim trouwens, dat binnen in heale minuut nei ôfrin fan de finale it berjocht oer it Klaverke Fjouwer al op dizze webside stie? Dat berjocht wie deis derfoar al makke nammentlik. Wy diene dat wol faker. Spekulearje oer de ôfrin en dan alfêst in berjocht meitsje. As je dan gelyk hawwe, drukke je op in knopke op de tillefoan en it stiet derop. Punt is… Meastentiids hie ik it ferkeard en koe ik it moai konstruearde mar folslein ferkearde berjocht yn it firtuele jiskefet smite. Dat wie dus in soad gedoch foar neat.

Mar ik hie safolle fertrouwen yn Hans, dat ik it noch wol in kear oandoarde.

It koe ommers ek hast net oars. Wie it dit jier net bard, dan takom jier en oars it jier dêrnei. Omdat er it wol, omdat er it kin, omdat er wit wat er dêrfoar dwaan en litte moat èn dat ek docht. Yn dat lêste, it dwaan, sit it ferskil mei al dy oaren dy’t wol it talint hawwe, mar net sa’n prizekast. Dy oaren moatte marris rêstich neitinke. As sy op stap geane en oan it bier sitte, sit Hans thús syn Klaverke Fjouwer (no ja, eins is it in Klaverke Acht) te poetsen.

Leuk byld wol, trouwens. Hans op de bank mei in poetsdoek.

Lit it in les wêze foar alle jongens en famkes dy’t kommend wykein harren NK keatse. Foar alle keatsers, jong en al in bytsje âlder, mei in boppegemiddeld talint. Talint is allinnich mar begjinnersgelok. It is leuk en aardich, mar oan it ein fan de rit hast mear nedich as dat allinnich. Moatst keatse, keatse en keatse. En moatst it wolle, dwaan en dwaan wolle. Tsientûzen oeren. Op syn minst. As Hans wat bewiisd hat no, dan is it dat keatsen en súkses mekoar hielendal net útslute. No net en yn de takomst dus ek net. Dat is net allinnich in Klaverke Acht, dat is winst foar it keatsen as totaal.

Klaverke Njoggen dus eins.

Moaie les foar eltsenien. Kwesty fan wolle èn fan dwaan.

Jacob Stelwagen

Geef een reactie